Greefskip Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 4:
== Skiednis ==
=== Karolingyske tiid ===
It [[Frankyske ryk]] wie ûnder de [[Karolingers]] ûnderferdield yn [[Goa]]ën, dy't yn it [[Latyn]]sk ek wol [[Pagus (Romeinsk)|pagus]] neamd waarden. Guon fan dizze pagi waarden ''comitatus'' neamd, alhoewol't dat ek wol barde foar ôfsunderlike goaëngoaen. San gebiet waard troch in ''comes'' bestjoerd, in [[goagreve]] dy't troch de kening beneamd waard en troch him ek wer ôfsetten wurde koe. Dêrom stribje dizze lienmanlju nei erflikens fan harren funksje, wat stadichoan ek de regel waard en yn [[877]] legalisearre waard troch de [[Kapitulare fan Kwierzy]]. De macht fan de kening naam hjirtroch grif ôf en dy fan de greven ta.
 
Op it ein fan it bewâld fan de Frankyske kening [[Lodewyk de Fromme]] wie de keninklike macht troch oanhâldende ynfallen fan de [[Wytsingen]] en tsiere fan Lodewyk mei syn soans ferswakke. Nei de dea fan Lodewyk beliende syn soan [[Lotarius I]] de Deenske bruorren [[Rorik]] en [[Harald]] mei ''[[Fresia]]'' yn in poging de oanfallen fan de Wytsingen tsjin te hâlden. Dêrtroch naam de macht fan de goagreven fierder ôf. Sy moasten gearwurkje mei de Denen, mar yn [[885]] kaam der alwer in ein oan de Deenske oerhearsking troch de moard op [[Godfried de Wytsing]], wêr [[Gerolf]], ''comes Fresonum'', de hân yn hie. As beleanning krige hy op [[4 augustus]] [[889]] grutte besittings yn lien tawezen troch Eastfrankyske kening [[Arnulf fan Karintië|Arnulf]] en ek krige hy goederen yn fol eigendom. It gong om in gebiet bûten syn eigen greefskip [[Teisterbant]], dat bestie út in oantal boerepleatsen en huzen yn únder oare [[Tiel]], [[Aalburg]] en [[Asch]]. Dêrnjonken gong it om in gebiet yn syn eigen greefskip dat bestie út in bosk en boulân, lein tusken de mûning fan de âlde [[Ryn]] en (nei alle gedachten) [[Bennebroek]], ''Suithardeshaga''.