Grinzer Feankoloanjes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
L st
Rigel 5:
 
== Fean ==
De hjoeddeiske [[feankoloanje]]s lizze yn de âlde [[Sân Seelannen|Fryske]] goa [[Aldamt]] en de goaëngoaen [[Goarjocht]] en [[Westerwâlde]]. Yn de ein fan de [[Lette Midsiuwen]] slagge de stêd Grins deryn en win it gesach yn dy gebieten. Dy gebieten stiene dêrnei bekend as ''[[stedsjurisdiksjes fan Grins|stedsjurisdiksjes]]''.<br/>
In grut part fan it gea waard foarme troch it [[heechfean]]kompleks, dat bekend stiet as it [[Boertanger Fean]]. Dat gebiet rint fan de rivier de [[Iems |Iems]] yn it easten ta de [[Dollard]] yn it noarden, en ta de [[Hûnsrich]] yn it súdwesten. It gebiet wie slim te berikken, útsein allinne yn Westerwâlde, dêr't in smelle sânrêch leit, dêr't in bytsje bewenning wie.<br/>
Yn de [[Iere Midsiuwen]] waard der op lytse skaal al wat [[Turfstekke|turf stutsen]] as part fan it oanmeitsjen fan it fean by de râne fan it gebiet del, en yn gruttere skaal troch [[kleaster]]s dy't in grut part fan it gebiet yn besit hiene. Yn de [[sechtjinde iuw]], en benammen yn de folgjende [[Gouden Iuw]], naam de fraach nei turf hurd ta en dat late ta it op grutte skaal oanmeitsjen fan heechfeangebieten.