Seeklaai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
L st
Rigel 4:
Yn Nederlân wurdt seeklaai fûn yn [[Grinslân]], [[Fryslân]], [[Noard-Hollân]], [[Súd-Hollân]], [[Flevolân]] en op de [[Seelân|Siuwske]] en [[Súd-Hollânske Eilannen]]. De âldste seeklaai is ôfset fan it Iere-[[Holoseen]] ôf, doe't de seespegel bot omheech gie. De kust yn west- en noard-Nederlâm bydel leine fan slinken trochbrutsen [[Srânwâl|strânwâlen]], mei dêrefter in ûndjippe lagune, dy't fergelike wurde kin mei de [[Waadsee]] fan distiid. Meidat de see sedimint oanfieren bleau, koe yn in tiidrek fan in bot stigende seespegel it waadmiljeu bestean bliuwe. Uteinlik waard sadwaande in tsjok pakket [[Alde blauwe seeklaai|âlde seeklaai]] foarme.
 
Doe't de strânwâlen foar it grutste part tichtsliken koe der yn it efterlân in [[fean]]laach groeie. Fan de iere [[Midsiuwen]] ôf waard it fean ûntgûn en ôfgroeven, mei fan gefolgen dat de leger lizzende goaëngoaen oan de kust hieltyd gefoeliger foar de ynbrekkende see waarden. Fia slinken en prielen waard klaai op fean dellein, [[jonge seeklaai]].<br>
Faak binne de troch de see oerstreamde gebieten letter wer bepoldere.