Greefskip Mid-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 4:
Yn de iere [[midsiuwen]] makke it gebiet fan de hjoeddeiske provinsje [[Fryslân]] diel út it fan it saneamde [[Fryske ryk]] en nei de oermastering troch de Franken fan in hartochdom ''[[Frisia]]'' dat lei tusken it "Sincfal" (it [[Swin]]), de tsjintwurdige swette tusken Belgje en Siuwsk-Flaanderen, oant de [[Weser]] yn Dútslân.
 
Yn [[1006]] krijt [[Liudolf fan Brunswyk]] sizzenskip oer de Fryske greefskippen. Hoe't dat syn beslach krige hat is net mear wis. Nei alle gedachten waarden de goaëngoaen fan de [[Greefskip Hollân|Hollânske greven]] mei geweld ôfhandich makke.<ref>{{aut|Halbertsma, H.}} (2000): ''Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang'', side 140. </ref>.
 
== Gebiet ==
Mid-Fryslân hat fjouwer greven hân, dy't tagelyk greve fan [[Breunswyk]] wiene en sadwaande ''Brunoanen'' neamd wurde. Harren gebiet wie ynearsten gearstald út de goaëngoaen [[Sudergoa]] (ek wol it ''greefskip Starum'' neamd), [[Eastergoa]] en [[Westergoa]]; fierders hienen de Brunoanen ek it [[Sallân|Iselgoa]] yn besit. Letter krigen de Mid-Fryske greven ek de rjochten oer de [[Grinslân|Grinslanner]] goaëngoaen [[Hunzegoa]] en [[Fivelgoa]]. Omdat harren hiele amtsgebiet yn dy tiid tusken de geografyske gebieten [[West-Fryslân]] en [[East-Fryslân]] lei, wurdt tsjintwurdich sein fan 'Mid-Fryslân'.
 
== It greeflik bewâld ==