Gabriël fan Białystok: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Side makke mei "{{Ynfoboks hillige | ôfbylding = GavriilBelostok.jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | namme = | ber..." |
stikje red |
||
Rigel 44:
| webside =
}}
De hillige '''Gabriël fan Białystok''' ([[Poalsk]]: St. Gabriel Białostocki, [[Russysk]]: Гавриил Белостокский - Gavriil Belostokski) of '''Gabriël fan Zabłudów''' (Poalsk: Gabriel Zabłudowski), berne op [[2 april]] [[1684]] - ferstoarn op [[20 april]] [[1690]], is in hillige fan de [[Russysk-Otterdokse Tsjerke]]. Gabriël kaam troch [[moard]] om it libben en al gau waard in lokale [[Joaden|joadske]] pachter fan de moard beskuldige, dy't letter frijsprutsen waard. Yn lettere ferhalen en publikaasjes oer it libben fan Gabriël bleau lykwols de oertsjûging oerein dat de joad in ein makke hie oan it jonge libben fan Gabriël en dat Gabriël it slachtoffer woarn wie fan in troch joaden úfierde [[Minske-offer|rituele moard]]. Gabriël wurdt betocht op 3 maaie (20 april [[juliaanske kalinder]]).
== De moard ==
Neffens dokuminten fan it doedestiidske Trijeienheidskleaster yn Slûtsk ([[Wyt-Ruslân]]) waard Gabriël yn 1684 berne yn it doarpke Zwierki yn de omkriten fan de stêd Zabłudów, yn wat doe it [[Poalsk-Litouske Mienebest]] wie. Neffens de tradysje waard Gabriël troch in joad, in pachter út dat doarp, ûntfierd nei [[Białystok]]. Dêr waard de jonge bewurke mei skerpe punten om him sa njoggen dagen lang dea bliede te litten. Neffens it [[bloedmearke]] hawwe joaden it bloed nedich om dêr de peaskebôle yn te bakken. Gabriël waard nei dy njoggen dagen foar de wylde fûgels yn in fjild by Zwierki efterlitten en troch syn otterdokse âlders werom fûn, dy't him begroeven yn syn berteplak. Neffens de [[hagiografy]] hiene hûnen op it lichem fan de jonge past, dy't de pikkende rôffûgels fuortjoegen.
[[File:Relikwie gabriela zabłudowskiego.jpg|thumb|left|<center>''Skryn fan Gabriël yn de Nikolaaskatedraal fan Białystok''</center>]]
Der folge in ûndersyk nei de tadracht fan de moard en as belangrykse fertochte waard de joadske pachter Zjid Sjûtko oppakt, mar dy waard fan de oanklacht frijsprutsen.
Yn 1720 hearske yn it gebiet in [[epidemy]] en in soad bern ferstoaren oan de sykte. Doe't by ien fan de
Yn 1820, doe't de tradysje fan de ferearing al hûndert jier bestie, waard Gabriël offisjeel hillich ferklearre troch [[Gregoarius V fan Konstantinopel|Gregoarius V]] fan it [[Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel]]. Yn 1885 ferskynde fan de metropolyt fan Tsjernihiv in samling fan beskriuwings fan russysk-otterdokse hilligen. Under de hilligen wie ek in beskriuwing fan Gabriël en by de tekst waard in ôfbyld printe fan in krusige Gabriël.
Rigel 60:
[[File:Sv Gavriil thumb(1).jpg|thumb|left|<center>''Yllustraasje fan Gabriël fan Fedor Solntsev yn in útjefte oer russysk-otterdokse hilligen (1885)''</center>]]
== Strideraasje ==
De ferearing fan Gabriël wurdt benammen yn Wyt-Ruslân belibbe; neffens in soad Wyt-Russyske
Op 27 july 1997 stjoerde de Wyt-Russyske tillevyzje in dokumintêre út mei de strekking dat Gabriël troch in rituele moard om it libben brocht wie. Dat waard yn rapporten fan it
In stúdzje oer Gabriël yn deselde tiid makke oan de oare kant dúdlik dat it grutste diel fan de joadske befolking net op de hichte is mei de kultus fan Gabriël fan Białystok. By it hearren derfan neame de joadske ynterviewers it in manifestaasje fan antysemitisme, mar tagelyk ferklearren alle joadske dielnimmers nea lest hân te hawwen fan diskriminaasje op basis fan de ferearing fan Gabriël fan Białystok. Ut it ûndersyk die ek bliken dat in grut diel fan de otterdokse befolking net wist fan it bestean fan sa'n hillige. Guon hiene der wol wat oer heard, mar ûntholden it ferhaal fierder net. De measten dy't in miening joegen, beskôgen de moard op Gabriël as fiksje of as in unike, op himsels steande saak. Gjinien fan de ûnderfrege otterdokse minsken seine te leauwen yn it bestean fan rituele moarden yn it joadendom.
Op de offisjele side fan de Wyt-Russysk otterdokse tsjerke wurdt in artikel oer Gabriël wijd. De otterdokse tsjerke heakket dêr oan ta dat
== Ikonografy ==
|