Jacht (aktiviteit): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L st
Rigel 5:
Yn 'e [[prehistoarje]] die de [[minske]] oan jacht om oan iten te kommen en om 'e [[pels|pelzen]] fan 'e bejage bisten as [[klean]] te brûken. Bewiismateriaal út [[Kenia]] wiist derop dat de minske en oare [[hominiden]] dêr al twa miljoen jier oan jacht dogge. Doe't de minsklike maatskippij him wat langer wat fierder ûntjoech, begûn de hegerein fan ferskate minsklike [[kultuer]]en yn 'e [[Aldheid]] ek op jacht te gean by wize fan tiidferdriuw of bloedsport, wylst se strikt nommen gjin ferlet fan 'e deade bisten hiene om te oerlibjen.
 
Dyselde trent sette him fuort yn 'e [[Midsiuwen]]. Tsjin 'e [[Renêssânse]] stie de dracht fan 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] hegerein ûnder ynfloed fan it ferskynsel [[moade]], en waard bygelyks [[bever]]bûnt foar it meitsjen fan klean heech wurdearre. Dat late yn it nij-ûntdutsen [[kontinint]] [[Noard-Amearika]] ta de [[pelshannel]], wêrby't Jeropeeske [[keapman|keaplju]] tsjininoar opbeaënopbeaen om beverpelzen fan 'e lânseigen folken te keapjen. It gefolch dêrfan wie dat de jacht op 'e [[Kanadeeske bever]] kommersjalisearre rekke.
[[File:243_WSSM_Olympic_Arms_AR15.jpg|left|thumb|220px|In [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] trofeejager.]]