Ferskil tusken ferzjes fan "Robert I fan Skotlân"

L
st
(Robertthebruce.jpg ferfange troch Robert_the_Bruce_stipple_engraving.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 6 (maint)
L (st)
Nei't it hert fan 'e kening út syn boarst helle wie, waard it troch de [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Swarte Douglas]] yn in [[sulver]]en kistke pleatst, dat de ridder neitiid om syn [[hals]] droech. Der wie yn dy tiid praat fan in nije [[krústocht]], mar doe't dat neat waard, sylden Douglas en ferskate selskipslju, wêrûnder de ridders [[Willem Keith fan Galston]], [[Willem fan St. Clair fan Rosslyn]] en de bruorren [[Robert Logan fan Restalrig]] en [[Walter Logan]], op eigen gelegenheid nei it [[Ibearysk Skiereilân]]. Dêr wie doedestiden in oarloch geande tusken it [[kristendom|kristlike]] [[Kastylje (keninkryk)|Kastylje]] en it [[Moaren|Moarske]] [[emiraat]] [[Granada]].
 
Neffens it ferhaal beaënbeaen Douglas-en-dy harren tsjinsten oan kening [[Alfûns XI fan Kastylje]] oan en namen se yn [[augustus]] [[1330]] diel oan 'e [[Slach by Teba]]. By it efterfolgjen fan it Moarske [[ruterfolk]] nei it ôfslaan fan in oanfal, naam de Swarte Douglas doe it kistke mei it hert fan Robert de Bruce yn 'e hân en spriek de wurden: ''"Now pass thou onward before us, as thou wert wont, and I will follow thee or die."'' ("Geane jo ús no foar, sa't jins wenst wie, dan sil ik jo folgje of stjerre.") Dêrop ûnderhelle er de earm en smiet it kistke foarút tusken de Moarske kavalery. Mar de Moaren, dy't trochkrigen dat se mar troch in lyts tal ridders efterfolge waarden, kearden op dat stuit de hynders en foelen op 'e nij oan.
 
Douglas soe tebekwike, mar seach doe dat Willem fan St. Clair fan Rosslyn besingele rekke wie troch de fijân. Mei de oare Skotten besocht er syn lângenoat te help te kommen, mar hja wiene fier yn 'e minderheid, en Douglas en de measte oaren, wêrûnder St. Clair fan Rosslyn en de beide Logan-bruorren, fûnen yn dat gefjocht de dea. Neitiid waard troch de oerlibbenen it kistke mei it hert fan Robert de Bruce op it slachfjild weromfûn, fuortby it lichem fan 'e Swarte Douglas. De ridders [[Willem Keith fan Galston]] en [[Simon Locard fan Lee]] (dy't syn namme nei oanlieding fan dit foarfal letter feroare fan 'Locard' yn 'Lockhart') bewurkmasteren dat sawol it kistke mei it hert as it lichem fan 'e Swarte Douglas weromstjoerd waarden nei Skotlân.
11.026

bewurkings