Ovidius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
LNo edit summary
Rigel 25:
 
== Libben ==
Ovidius waard yn 43 f.Kr. berne yn Sulmo (it hjoeddeiske [[Sulmona]]), yn in [[Apeninen|Apenynske]] delling beëasten [[Rome]], as telch út in ryk en aadlik laach. Hy folge de wenstige oplieding foar lju út syn maatskiplike klasse, nammentlik yn 'e [[retoarika]], ta [[abbekaat]], en stie in hoartsje yn 'e tsjinst fan 'e steat, wêrby't er ek reizen ûndernaam nei [[Atene]], [[Lyts-Aazje]] en [[Sisylje]]. Earne tusken [[29 f.Kr.|29]] en [[25 f.Kr.]] joech er syn politike karriêre der lykwols oan om him folslein oan 'e [[poëzij]] te wijen. Syn earste foardracht hold er yn 25 f.Kr., doe't er achttjin wie. Hy troude trije kear en wie al twaris skieden tsjin 'e tiid dat er tritich jier wie. Lykwols hied er mar ien bern, in dochter, dy't him úteinlik bernsbern skonk. Yn it begjin makken syn wurken Ovidius tige populêr yn Rome, mar einlings skynt er keizer [[Augustus Oktavianus|Augustus]] op 'e iene of oare wize misjegene te hawwen, en dy ferballe him yn it jier [[8]] (nei Kr.) nei de stêd Tomis oan 'e [[Swarte See]], it tsjintwurdige [[Constanţa]], yn [[Roemeenje]]. De persize reden foar syn ferballing is ûnbekend, en nettsjinsteande syn oanhâldende smeekbeaënsmeekbeaen oan Augustus om weromkeare te meien nei Rome, moast er dêr oant syn dea, yn it jier 17 of 18, bliuwe, wylst er de tiid trochbrocht mei it skreauwen fan kleilieten oer syn jammerdearlik lot, it learen fan 'e pleatslike taal en mei fiskjen yn 'e Swarte See.
 
== Wurken ==