Grottekleaster fan Pskov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
L st
Rigel 49:
 
== [[Ynterbellum]] en [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] ==
Yn 1920-1940 foel it kleaster yn de grinzen fan Estlân. Yn dy tiid waarden kleasters yn Sovjet-Uny ferbean en in soad dêrfan mei de grûn lykmakke. Doe't nei de [[Nazy-Dútslân|Dútske]] besetting yn 1944 de grins ferskode en it kleaster yn de Sovjet-Uny kaam te lizzen bleau it iepen. By loftoanfallen op it kleaster troch de loftmacht fan de Sovjet-Uny yn de nacht fan 31 maart nei 1 april 1944 kaam Makarius, biskop fan Novgorod, om it libben. Under de besetting fan de Dútsers diene de muontsen krekt as hja lojaal oan it rezjym wiene, mar ûndertusken beaënbeaen se minsken dy't troch de [[Gestapo]] socht waarden in skûlplak yn de tsjerken. Yn de tiid fan de Dútske besetting foarme it kleaster in kongres- en moetingssintrum foar hegere geastliken. Nei de befrijing troch it Reade Leger naam abt Pavel sit yn de kommisje dy't misdieden fan de besetters yn Pskov en omkriten ûndersykje moast, mar yn oktober 1944 waard er ûnferwachts arrestearre. De abt waard beskuldige fan kollaboraasje en dêr 15 jier foar feroardiele. Hy ferstoar yn 1950 en waard pas yn 1997 wer rehabilitearre.
 
== Nei de kriich ==