Gazastripe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 12:
Noch hieltyd wurdt de Gazastreek troch de [[Feriene Naasjes]] sjoen as in gebiet dat troch Israel beset is, want de Palestynske gebieten foarmje gjin soevereine steat. Yn 2007 kaam [[Hamas]], nei in ynterne oarloch mei [[Fatah]], yn de Gazastreek oan ‘e macht en naam fuort ek de militêre kontrôle oer it gebiet oer. Troch de machtsoername fan Hamas boaze it konfilkt mei Israel oan. Hamas fjurre raketten ôf op Israelyske wengebieten, sadat it Israelyske leger yn desimber 2008 de wapens opkrige. Mei loftoanfallen en in grûnoffensyf besocht it Israelyske leger de raketoanfallen fan Hamas te stopjen. Nei 22 dagen hie Israel syn militêre doelen helle en luts syn leger werom. Nei it militêre yngripen wienen it tal raketoanfallen minder wurden, lykwols hie de befolking yn Gaza in soad lijen fan it Israelyske offensyf. Yn [[2009]] waard bekend dat Egypte begûn wie mei de bou fan in muorre tusken Egypte en de Gazastreek, dy’t 20-30 meter ta de grûn yn moast. Egypte woe mei de muorre it smokkeljen troch tunnels ûnmooglik meitsje. Tunnels dy’t troch Egypte ûntdekt waarden, waarden ferneatige of opfolle mei gas, sadat ferskate Palestinen kamen te ferstjerren.
 
[[Kategory:Geografy fan it Midden-Easten]]
[[Kategory:Geografy fan Palestina]]
[[Kategory:Skiednis fan Palestina]]