Grinzer Feankoloanjes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 10:
 
== It úteinsetten: Hegesân, Sappemar en Pekela ==
De earste feankompanjyen ûntstiene yn de tiid fan de [[Tachtichjierrige Kriich]], benammen om [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] hinne yn [[Fryslân]]. Nei de [[Reduksje fan Grins]] yn [[1594]] kaam al it kleasterguod, mei de wiidweidige heechfeangebieten ynbegrepen, oan it nije gewest [[Stêd en Lân]]. De stêd krige 25 persint fan al it kleasterguod en hie de foarkar foar it lânguod dat yn de Stedsjurisdiksjes lei. In grut part fan it heechfeangebiet kaam dus yn it besit fan de stêd, wylst de stêd ek it foech oer dy geaëngeaen hie. De stêd krige dêrmei in soad te sizzen oer it oanmeitsjen fan it grutte heechfeangebiet. Mei it keapjen fan lytse stikken grûn, dy't fan strategysk belang wiene, koe de stêd syn ynfloed hieltyd fierder útwreidzje.<br/>
De earste kear dat de stêd besocht ynfloed te krijen yn it ôfgraven fan de turf mislearre. De stêd slagge der lykwols net yn om yn it [[Westerkertier]] de [[feanterij]] fan de [[Ommelannen|Ommelanner]] [[Jonker (persoan)|jonker]] [[Wigbolt fan Ewsum]] yn hannen te krijen. Dy wie yn de sechtjinde iuw úteinset mei it oanmeitsjen fan de feangrûn om syn [[boarch]] [[Nienoard]] hinne. Wigbolt hie him lykwols fersjoen op it finansjele mêd en moast al syn besit fuort dwaan nei in fallisemint.<br/>
Yn it Goarjocht en it Aldamt wie de posysje fan de stêd wis better. De stêd wie doe al ferbûn mei de [[Hunze]], nei't it graven fan it ''Schuitendiep'', dat by [[Reahoanne (Grins)|Reahoanne]] op de Hunze oansleat, ree wie. Yn [[1611]] joech it stedsbestjoer de opdracht en ferlingje it ''Schuitendiep'' oant [[Wynskoat]] ta, dat neitiids bekend stiet as it [[Wynskoaterdjip]].<br/>