Ammoanium: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 27:
Yn de natuer ûntstiet ammoanium benammen by it ôfbrekken fan [[Aaiwyt|aaiwiten]]. Sa wurdt it troch [[fisken]] en measte oare wetterorganismen as einprodukt troch bygelyks de kiuwen útskaat. Ek fan it ferrotsjen fan dea [[organysk materiaal]] wurdt it as einprodukt frijlitten. It spilet in wichtige rôl yn de [[sitroensoerrûntegong]], dêr't it mei [[alfa-ketoglutaraatsoer]] ta [[glutaminesoer]] reagearret.
 
Ammoanium wurdt yn de [[grûn]] en yn gewaaksen mei [[soerstof]] troch [[baktearjes]], sa as fan de skaaien fan de ''[[nitrosomonas]]'', ynearsten ta [[nitryt]] en dan troch in oare skaai, de ''[[nitrobakter]]'', fierder ta [[nitraat]] oksidearre. Njonken baktearjes spylje by it oksidearjen fan ammonium yn de grûn ek ''[[argeaënarchaea]]'' in wichtige rôl. Dat proses wurdt [[nitrifikaasje]] neamd en is wichtich foar it boaiemlibben. Ek foar gewaaksen is de nitrifikaasje in wichtich part fan it skjinmeitsjen fan harsels.
 
Ammoniak is foar fisken al yn in lytse hoemannichte fergiftich. In ammoaniumgehalte yn it wetter fan 0,5 oant 1 mg/l is it heechste dat fisken tasean kinne. By ammoaniumgehalten fan 1mg/l of heger yn it wetter is net gaadlik foar fiskerijdoelen.