Neve Campbell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
→‎Aktearkarriêre: by de tiid brocht
Rigel 31:
Fanôf likernoch de milenniumwiksel spile Campbell yn ferskate films dy't mar op in beheind tal plakken draaiden, mar dy't troch de [[resinsint]]en tige by tige wurdearre waarden. Dêrûnder wiene ''Panic'' ([[2000]]), mei [[William H. Macy]] en [[Donald Sutherland]], ''Last Call'' ([[2002]]), mei [[Sissy Spacek]] en [[Jeremy Irons]], en fierders ''The Company'' ([[2003]]), oer it [[Joffrey Ballet]]selskip fan [[Chicago]], en de ûnôfhinklike film ''When Will I Be Loved'' ([[2004]]).
 
Yn [[2006]] ferfear Campbell nei [[Grut-Brittanje]], dêr't se yn [[maart]] fan dat jier foar it earst [[toaniel|op 'e planken]] stie yn it [[Londen]]ske [[West End]], yn it stik ''Resurrection Blues'', mei û.o. [[Matthew Modine]] en [[Maximilian Schell]]. Yn 'e folgjende jierren spile se yn ferskate [[toanielstik]]ken yn teäters yn it West End. Letter spile se noch yn ferskillende films, en teffens hie se gastrollen yn tillefyzjesearjes as ''Medium'', ''The Philanthropist'', ''Grey's Anatomy'' en ''Mad Men''. Ek wie se as [[stimaktrise]] belutsen by in [[ôflevering]] fan ''[[The Simpsons]]''. Yn [[2013]] hie Campbell fierders noch de haadrol yn 'e [[tillefyzjefilm]] ''An Amish Murder'', wêryn't se in [[plysje]]resjersjeur spile dy't thúskomt yn har eigen [[Amish]]-mienskip, jierren nei't se in brute [[massamoard]] oerlibbe hat. Njonken har aktearwurk hat Campbell ek ferskate kearen as [[presintatrise]] yn 't spier west.
 
Yn [[2015]] hie Campbell in gastrol yn 'e rige ''Manhattan''. Fan it fjirde [[seizoen (omrop)|seizoen]] ôf, dat yn [[2016]] útbrocht waard, hie se in [[weromkearende rol]] as LeAnn Harvey yn 'e populêre [[dramasearje]] ''House of Cards'' fan [[Netflix]]. Yn [[2018]] wie se de [[tsjinspylster]] fan [[Dwayne Johnson]] yn 'e [[aksjefilm]] ''[[Skyscraper (film út 2018)|Skyscraper]]''. Fierders wie Campbell dat jiers ek te sjen yn 'e [[ûnôfhinklike film]] ''Hot Air''. Yn [[2019]] spile se yn 'e Kanadeeske dramafilm ''Castle in the Ground''. Njonken har aktearwurk hat Campbell ek ferskate kearen as [[presintatrise]] yn 't spier west.
 
===Priveelibben===