Izaäk (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 1:
[[File:Isaac Cigoli.jpg|thumb|300px|It offerjen fan Izaäk (Isaac Cigoli)]]
'''Izaäk''' ([[Hebrieusk]]: יִצְחָק; betsjutting: hy laket) wie neffens it [[Bibel|bibelboek]] [[Genesis]] de soan fan [[Abraham (aartsfaar)|Abraham]] en [[Sara (aartsmem)|Sara]]. Hy troude mei [[Rebekka]] en de heit fan [[Jakob (aartsfaar)|Jakob]] en [[Ezau]]. Oer Izaäk wurdt minder in de Skrift skreaun as oer Abraham en syn soan Jakob. Hy waard pas berne doe't Abraham al 100 jier en Sara al oer de 90 wie en stoar yn'e âldens fan 180 jier. Izaäk hie in healbroer: [[IsmaëlIsmael]].
 
Fan de trije aartsfaars libbe Izaäk it langst. En oars as Abraham en Jakob bleau Izaäk altiten yn it lân [[Kanaän (gebiet)|Kanaän]] wenjen. Yn tsjinstelling ta syn heit Abraham en syn soan Jakob hold Izaäk altiten deselde namme.
Rigel 9:
Izaäk waard as twadde soan fan Abraham berne. Earder hy Abraham al in soan ferwekt by [[Hagar]], in byfrou. Sara, de frou fan Abraham, hie al de âldens fan 90 jier doe't trije ingelen by Abraham kamen om him te fertellen dat Sara swier reitsje soe. De profesije kaam út; Sara rekke swier en krige in soan dy't de namme Izaäk krige.
 
Wylst syn healbroer IsmaëlIsmael al 13 jier wie doe't hy besnien waard, moast Izaäk neffens Gods gebod op de achtste dei fan syn berte, net earder en net letter, besnien wurde (Genesis 21:1-4), in gebrûk dat ek hjoeddedei noch yn it joadendom yn eare holden wurdt.<ref>http://www.christipedia.nl/Artikelen/B/Besnijdenis</ref>
==== It offer ====
Ien fan de bekendste bibelferhalen is it offer fan Izaäk. God stelt Abraham op de proef en jout him de opdracht om syn soan te offerjen op de berch Moria. Abraham seale syn ezel en naam twa feinten en syn soan Izaäk mei. Ek waard it brânhout mei nommen, dat Izaäk willich mei droech. Nei't Abraham syn feinten gebean hie efter te bliuwen mei de ezel, stelde Izaäk fêst dat der wol fjoer en hout oanwêzich wie, mar gjin brânoffer. Abraham antwurde Izaäk dat God wol foar in laam soargje soe en boude dêrnei in alter, wêrop't er it brânhout lei. Izaäk liet him sûnder protest fêstbine en op de brânstapel lizze. As Abraham dan it mes pakt om syn soan te slachtsjen komt der in ingel tusken en hjit Abraham de jonge neat te dwaan. Ek de reden wêrom't Abraham sa op de proef steld waard wurd no dúdlik: ''... no wit ik dastû God frezest en dyn soan, dyn iennichste soan, My net ûntholden hast'' (Genesis 22).