Elía: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
L st
Rigel 85:
[[File:Transfigurationbloch.jpg|right|thumb|200px|De ferskining fan [[Moazes]] en Elía by de "ferhearliking op 'e berch".]]
 
Ek Jezus sels wurdt wol ferlike mei Elía, bygelyks as Jezus yn it ''Evangeelje fan Lukas'' oan syn dissipels freget wa't de minsken sizze dat hy is. Dan wurde û.m. de nammen fan Elía en Jehannes de Doper op 't aljemint brocht. Jezus syn lear hie lykwols net in protte gemien mei dy fan Elía; wylst Jezus ferdraachsumheid preke en de minsken oprôp om har fijannen te ferjaan, stie Elía ûnmeilydsum foar ôfwikende mienings oer, en rôp er it folk op om syn fijannen ôf te slachtsjen. Der binne wol oerienkomsten, benammen oangeande de wûndertekens dy't hja ferrochte hawwe soene; allebeide wekken se deaden wer ta libben, en beide makken se dat in einige itensfoarried ûneinich waard (Elía mei de moalpot en oaljekanne fan 'e widdo fan Sarfat, en Jezus as er fan fiif breaënbreaen en twa fisken fiiftûzen minsken te iten jout). Mar Jezus nimt yn ''Lukas'' 9:51-56 rigoereus ôfstân fan Elía syn metoaden. Yn dat ferhaal kin er gjin sliepplak fine yn in [[Samaritanen|Samaritaansk]] doarp, om't er op trochreis is nei Jeruzalim, it religieuze sintrum fan it joadendom (de Joaden en Samaritanen libben doedestiden yn ûnmin). Syn dissipels wolle dan hawwe dat er fjoer út 'e himel roppe sil om it doarp te ferdylgjen. It ferhaal einiget mei de wurden: ''"Mar Jezus kearde Him om en sette harren teplak. Doe giene se nei in oar doarp."''<ref>''Evangeelje fan Lukas'' 9:55-56</ref>
 
==Elía yn oare religyen==