Jonkheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 1:
[[File:DiversityTeens ofsharing youtha in Oslo Norwaysong.jpg|right|thumb|280px|Jongerein yn [[Oslo]].]]
De '''jonkheid''' is it stadium yn it [[libben]] in [[organisme]] as dat noch net [[folwoeksen]] is. Dizze oantsjutting wurdt ornaris brûkt foar [[minske]]n, wêrby't it in [[synonym]] is foar '''bernetiid''' of [[minderjierrigens]]. In oar synonym is '''jeugd''', mar dat wurd kin ek ferwize nei alle jonge minsken mei-inoar ynstee fan nei in libbensstadium. Yn dy twadde betsjutting is 'jeugd' synonym mei '''jongerein'''. Yn it [[Nederlânsk]] wurdt foar 'jonkheid' en 'jongerein' oer it algemien de oantsjutting ''jeugd'' brûkt sûnder tusken dy beide begripen ûnderskie te meitsjen. Yn it [[Ingelsk]] makket men dêr mei ''youth'' likemin ûnderskie tusken, mar as spesifyk 'jonkheid' bedoelt, wurdt yn dy [[taal]] faak it wurdt ''childhood'' ("bernetiid") brûkt. Yn it Nederlânsk brûkt men de letterlike oersetting dêrfan, ''kindertijd'', mar in bytsje, en sprekt men earder fan ''toen ik/hij/ze klein was''. Dat wurdt yn it [[Frysk]] ek gauris dien as men it oer jins jonkheid hat: "doe't ik/er/se lyts wie..."