Neve Campbell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L nijere foto yn ynfoboks
L red
Rigel 2:
| ôfbylding = Neve Campbell 04 (21268333696).jpg
| ôfbyldingstekst = Neve Campbell yn [[2015]].
| ôfbyldingsbreedte = 230px
| echte namme = Neve Andrianne Campbell
| nasjonaliteit = [[Ofbyld:Flag of Canada.svg|20px]] [[Kanada|Kanadeesk]]
Rigel 27:
 
Yn [[1996]] hie Campbell har earste grutte [[film]]rol yn ''The Craft''. Datselde jiers spile se de haadrol (as Sidney Prescott) yn 'e [[horror]]film ''Scream'', dy't in ûnbidich súkses waard mei in opbringst fan $173 miljoen. Campbell wûn der in ''[[Saturn Award]]'' yn 'e kategory bêste aktrise mei, en der waarden trije ferfolgen op makke dy't ek tige súksesfol wiene: ''Scream 2'' yn [[1997]] ($170 miljoen), ''Scream 3'' yn [[2000]] ($160 miljoen), en ''Scream 4'' yn [[2011]] ($97 miljoen). Foar har optreden yn it twadde diel fan 'e rige wûn se de ''[[MTV Movie Award]]'' foar bêste aktrise. Fierders spile Campbell yn [[1998]] yn 'e a-typyske [[skriller]] ''Wild Things'', wêryn't se ûnder mear in opsjochjaande frijsêne mei [[Denise Richards]] hie. Oare films fan harres út dy snuorje wiene û.m. ''54'' ([[1998]]) en ''Three to Tango'' ([[1999]]). Dêrnjonken liende se yn 'e [[tekenfilm]] ''The Lion King II: Simba's Pride'' har stim oan Simba en Nala harren dochter Kiara.
[[File:NeveCampbell2009 (bysnien).jpg|right|thumb|250px|Neve Campbell yn [[2009]].]]
 
Fanôf likernoch de milenniumwiksel spile Campbell yn ferskate films dy't mar op in beheind tal plakken draaiden, mar dy't troch de [[resinsint]]en tige by tige wurdearre waarden. Dêrûnder wiene ''Panic'' ([[2000]]), mei [[William H. Macy]] en [[Donald Sutherland]], ''Last Call'' ([[2002]]), mei [[Sissy Spacek]] en [[Jeremy Irons]], en fierders ''The Company'' ([[2003]]), oer it [[Joffrey Ballet]]selskip fan [[Chicago]], en de ûnôfhinklike film ''When Will I Be Loved'' ([[2004]]).
[[File:NeveCampbell2009 (bysnien).jpg|right|thumb|250px|Neve Campbell yn [[2009]].]]
 
Yn [[2006]] ferfear Campbell nei [[Grut-Brittanje]], dêr't se yn [[maart]] fan dat jier foar it earst [[toaniel|op 'e planken]] stie yn it [[Londen]]ske [[West End]], yn it stik ''Resurrection Blues'', mei û.o. [[Matthew Modine]] en [[Maximilian Schell]]. Yn 'e folgjende jierren spile se yn ferskate [[toanielstik]]ken yn teäters yn it West End. Letter spile se noch yn ferskillende films, en teffens hie se gastrollen yn tillefyzjesearjes as ''Medium'', ''The Philanthropist'', ''Grey's Anatomy'' en ''Mad Men''. Ek wie se as [[stimaktrise]] belutsen by in [[ôflevering]] fan ''[[The Simpsons]]''. Yn [[2013]] hie Campbell fierders noch de haadrol yn 'e [[tillefyzjefilm]] ''An Amish Murder'', wêryn't se in [[plysje]]resjersjeur spile dy't thúskomt yn har eigen [[Amish]]-mienskip, jierren nei't se in brute [[massamoard]] oerlibbe hat.