Archangelskoje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 31:
| webside = [http://arhangelskoe.su/ arhangelskoe.su]
}}
It bûten '''Archangelskoje''' is in paleis en park mei oare bouwurken oan de [[Moskva]] yn it distrikt Krasnogosk fan de [[oblast Moskou]], likernôch kilometer súdwestlik fan [[Krasnogorsk]] en tweintich kilometer westlik fan de [[Ruslân|Russyske]] haadstêd [[Moskou]]. It âldste gebou op it gebiet is de Aartsingel MichaëltsjerkeMichaeltsjerke út de 17e iuw, dy't de namme oan it bûten joech.
 
Archangskoje is ferneamd om de kolleksje skilderijen út de 17e oant 19e iuw, bylden en ien fan Ruslân's grutste bibleteek fan seldsume boeken mei likernôch 16.000 wurken.
Rigel 37:
== Skiednis ==
It lângoed is al bekend sûnt 1537, mar hiet foarhinne nei de namme fan ien fan de eigners Aleksej Ivanovitsj Upolotskogo "Upolozy". It bûten wiksele dêrnei in pear kear fan eigner en kaam yn 1703 yn hannen fan prins Dimitry Michailovitsj Golitsyn, dy't troch tsarina Anna Ivanovna beskuldige waard fan sabotaazje en yn 1736 arrestearre waard. Lykwols waard it lângoed yn 1741 werom jûn oan syn soan Alexej Dimitrivitsj Golitsyn en dêrnei gyng it oer op Nikolai Golitsyn. De lêste sette útein mei de bou fan in nij klassistysk paleis troch de Frânske arsjitekt Charles de Guerne. Giacomo Trombaro soarge yn de jierren 1790 foar it ûntwerp fan de twa terrassen mei de balustrades, dy't fersierd waarden mei moarmeren fazen, banken en bylden fan âlde goaden, helden en filosofen.
[[File:Church Mihail Arhangel-2008.JPG|thumb|left|250px|It âldste bouwurk op it gebiet: de Tsjerke fan de Aartsingel MichaëlMichael]]
[[File:Heracles et Antee3.jpg|thumb|200px|Herakles en Antaios]]
Yn 1810 kocht de keunstleafhawwer prins Nikolai Jûsûpov it bûten oan om dêr syn kolleksje ûnder te bringen. Troch de ynfaazje fan de Frânsen yn 1812 moast de keunstkolleksje yn alle hasten oerbrocht wurde nei it fiere Astrakhan, it bûten waard plondere en rekke yn 1820 fierder skeind troch brân. Foar it herstel waarden de bêste arsjitekten út Moskou oansteld en it krige de bynamme "It Versailles fan Moskou". It waard in bûtenpleats dêr't de hegerein graach kaam en tal fan pommeranten besochten it bûten, dêrûnder wiene skriuwers, dichters, keunstners en musisy en leden fan it keninklik hûs.
Rigel 54:
* Grutte paleis (1784 oant 1820)
* Jûsûpov-grêfmonumint (boud tusken 1909 en 1916 troch R.I. Klein n.o.f. de tragyske dea fan Nikolai Feliksovitsj Jûsûpov, in soan fan de lêste eigner)
* Aartsingel MichaëltsjerkeMichaeltsjerke (it âldste gebou op it goed; 1646)
* Hillige Poarte dy't lied nei de MichaëltsjerkeMichaeltsjerke (1824)
* Ommuorring mei in poarte en houten tuorren (1826)
* Bôge oer it ravyn mei in houten boppebou (it ein fan de 18e iuw, troch Osip Bove yn 1816 op'e nij boud)