Jeanne d'Arc: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Guise (oerlis | bydragen)
L st
Rigel 8:
== Biografy ==
Jeanne waard berne yn de [[Hûndertjierrige Oarloch]] tusken [[Ingelân]] en Frankryk. Ingelân besette mei help fan bûnsmaten, de [[Hartochdom Boergonje|Boergonjers]], it noarden fan it lân. Frankryk hie nei de dea fan [[Karel VI fan Frankryk|Karel VI]] (''de Dwylsinnige'') yn [[1422]] gjin kening, en de troanopfolger (de ''[[Dauphin (kroanprins)|dauphin'']]) wie te [[apaytysk]] om striid te leverjen foar de kroan. Hy betwivele oft hy der wol rjocht op hie, omdat it heitwêzen fan Karel VI omstriden wie.
As tsiener bewearde Jeanne dat hja stimmen hearde fan de hilligen [[Katarina fan Aleksandrje|Katarina]], [[Margareta fan Antiochje|Margaretha]], fan de [[aartsingel]] [[MichaëlMichael (aartsingel)|MichaëlMichael]] en fan [[God]]. Dy seine dat it lân befrijd wurde moast fan de Ingelsken (de ''[[Godon]]s''). Yn [[1429]] socht se de dauphin op, ûnderweis klaaid as man om har te frijwarjen fan ûnseedlike omtinken, mei as doel him derfan te oertsjûgjen de striid oan te fieren. De dauphin liet har earst ûnderfreegje troch tsjerklike gesachsdragers, dy't har yn it earstoan fan [[ketterij]] fertochten en stimde doe yn mei it útstel it Ingelske [[belis fan Orléans]] te brekken.
 
[[Ofbyld:Portrait jeanne d'arc.jpg|150px|thumb|left|''[[Hagiografy]]sk portret fan Jeanne d'Arc.''<small>Boarne: Haggard, Andrew C P: France of Joan of Arc, New York, John Lane Company 1912</small>]]