Iesdoarp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
klassiker
L [[]] better
 
Rigel 3:
De doarpen hawwe in oantal mienskiplike skaaimerken:
#Der is in [[brink (doarpsplein)|brink]].<br>Oarspronklik lei sa’n brink oan de râne fan it doarp (fergelykje it mei it [[Ingelsk]]e ''brim'' = "râne") dêr’t de kij en skiep jûns en moarns gearkamen. Op dy brink waarden [[iik|iken]] of [[popelier]]en set om te brûken as boumaterialen. Troch it waaksen fan de doarpen kaam dy brink letter faak yn it sintrum fan it doarp te lizzen. Boppedat waarden op de brink merken hâlden, dêr’t in sintrale funksje troch krige. It moat ûnderskieden wurde fan it ier-midsiuwske [[tij]], dat meastal in mear minsklike funksje hie, en dus net foar it fee.
#Der is in [[Ies (geografy)|ies]].<br>De ies wie de mienskiplike ikker. Faak lei dy wat heger as it doarp. Dy hege lizzing is diels ûntstien troch de wize fan bedongjen fan de essen, en foar in part trochdat dy plakken al heger leinen.
#Der is in [[beek]].<br>Yn beekdellings lei meastentiids healân dat winterfoer foar it fee opsmiet.
#By de beek lâns lizze [[miede]]n, fergelykje it Ingelske ''meadow'') en healannen.<br>Dy miedlannen waarden mienskiplik beweide troch kij. De wietere healannen waarden ien kear yn’t jier meand.