Utopia (boek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 35:
 
==Ynhâld==
''Utopia'' bestiet út twa boeken. It is skreaun yn in (doedestiden wenstige) dialoochfoarm, wêrby't it petear fierd wurdt troch More sels en in RaphaëlRaphael Hythlodaeus, in optocht personaazje dat withoefolle om utens reizge hat.
 
It earste boek is in krityk, wêryn't it libben yn Ingelân oan it begjin fan 'e sechstjinde iuw beskreaun wurdt. Tiranny en korrupsje hawwe dêr tier. De woartel fan alle kwea is it misbrûk fan priveebesit fan lân, dat liedt ta de útrûpeling fan 'e mannichten earmen troch de grutgrûnbesitters, wat wer in oanboazjende kriminaliteit feroarsaket.