Marrekrite (Ingelân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
13
L fl
 
Rigel 10:
De meast ferneamde marren binne [[Windermere (mar)|Windermere]] (14,7 km²), Coniston Water, Ullswater, Thirlmere, [[Derwent Water]] en [[Bassenthwaite Lake]].
 
Ferneamde hichten (''Fells'') binne Coniston Old Man, Scafell (965 m), Scafell Pike (978 m), Skiddaw (931 m), Great Gable, en Helvellyn. De hichten binne rûch, mar wol gaadlik foar lange kuiertochten. Teffens binne der dreger rûtes foar berchbeklimmers. It waar yn de Marrekrite kin hurd feroarje en ta gefaarlike omstannichheden late at minsken d6erdêr net op taret binne.
 
It klimaat is der tige wiet: it reint en snijt der in soad. Op guon plakken, dêr't de troch de [[Golfstream]] ferwaarme, befochtige oseaanwyn tsjin de hichten omheech giet, ôfkuollet en syn wetter ferliest, falt 3000 mm deslach it jier (Nederlân: 700-800 mm). It lânskip is sadwaande altyd tige grien. Fral op gruttere hichten is it kâld, de dellings wurde beskerme troch ynfloed fan de Golfstream. [[Mist]] is normaal yn alle seizoenen fan it jier; de ''fells'' hawwe deis trochstrings mar 2,5 oeren sinne, fierder de kant fan de kust út wurde dat sa'n 4,1 oeren deis.