Klokketoer fan Ivan de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 34:
 
== Skiednis ==
De namme fan de toer is oan in eardere tsjerke te tankjen, dy't dêr ea op it plak stie. Dy tsjerke wie oan de hillige [[Syrje|Syrjyske]] kluzener [[Jehannes Klimakus]] wijd, yn Ruslân as Ivan oantsjut. It tafoegsel "de Grutte" (yn de betsjutting fan "de hege") ûntstie pas nei de bou fan de hjoeddeiske klokketoer. Oerlevere waard de stifting fan in lytse Jehannestjserke yn de simmer fan 1329 ûnder grutfoarst [[Ivan I fan Moskou|Ivan Kalita]]. Dy tsjerke, ien fan de earste tsjerken yn Moskou dy't fan stien yn stee fan hout boutboud wie, liet [[Ivan III fan Moskou|Ivan III]] yn it ramt fan in grutte útbou fan it kremlyn, troch de nije klokketoer ferfange. Foar de ferbou van it kremlyn noege Ivan III in tal [[Italjaanske]] arsjitekten út.
 
Mei de bou waard yn it jier 1505 begûn en trije jier letter, al nei it ferstjerren fan Ivan III, waard it wurk ôfsletten. Oarspronklik hie de klokketoer in hichte fan 60 meter. Yn it achthoekige basisdiel, dat in fiif meter dik fûnemint hat, waard de Jehannes-Klimakustsjerke wijd. Tagelyk tsjinne Ivan de Grutte fan it begjin oan ek as klokketoer foar de trije kremlynkatedralen en de lytse Jehannes-Klimakustsjerke. Fanwegen de hichte hie de toer ek in strategyske funksje om gefaar lykas brannen as in optsjende fijân op 'e tiid waar te nimmen.