Fraachpetear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
- hollânsk
L interview is fansels gjin Hollânsk
 
Rigel 1:
In '''fraachpetear''' of '''ynterview''' (fan it [[Ingelsk]]e ''interview'') is in [[petear]] wêrby't [[fraach|fragen]] steld en [[antwurd]]en jûn wurde. Yn 'e regel wurdt dêrmei ferwiisd nei in petear tusken twa persoanen of groepen fan persoanen, wêrby't de iene partij de fragesteller (of ynterviewer) is en de oare partij (de ynterviewde) antwurdet op dy fragen. Troch in fraachpetear wurdt sadwaande ynformaasje oerdroegen fan 'e iene oan 'e oare partij, wat it primêre doel is fan dit soarte fan petear, hoewol't it ek mooglik is dat troch beide partijen ynformaasje oerdroegen wurdt. Dêrby hoecht net ôfwykt te wurde fan it fêste stramyn fan in fraachpetear, mei't de ynterviewer syn eigen ynformaasje-oerdracht oan 'e ynterviewde faak al yn syn fraachstelling ferpakt. In fraachpetear stekt hjirtroch ôf tsjin foarmen fan ienrjochtingskommunikaasje, lykas [[taspraak|taspraken]].
 
Yn 'e measte gefallen giet it by fraachpetearen om moetings fan persoan ta persoan, hoewol't der tsjintwurdich troch moderne [[kommunikaasje]]technologyen ek mooglikheden besteane ta it hâlden fan fraachpetearen fia de [[tillefoan]] en, wat almar mear foarkomt, fia it [[ynternet]] ([[Skype]], [[videoconferencing|videoconferencingprogramma's]], ensfh.). Frijwol altyd giet it by fraachpetearen om [[spraak|mûnlinge kommunikaasje]], mar ek dat is tsjintwurdich net altyd mear sa, mei't men no fia it ynternet ek fragen en antwurden hinne en wer [[typen|type]] kin. De ynterviewer hat frijwol altyd in manear om 'e antwurden fêst te lizzen, itsij [[pin]] en [[papier]], itsij in foarm fan [[fideo]]- of [[audio-opname]]. Faak giet it by fraachpetearen om foarmen fan [[sjoernalistyk]].