Kategory oerlis:Rekreaasje yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
2 st
No edit summary
Rigel 1:
Moat dy kategory "Rekreaasje nei lân" der no echt yn? Nasjonalisme/regionalisme is aardich, mar Fryslân is (foarearst) dochs echt in provinsje fan Nederlân en gjin lân op himsels..." [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 8 jun 2020, 12.58 (CEST)
:Dit is de Frysktalige wikipedy, dus it liket my net sa nuver dat dizze kategory bestiet (en dat oars ek al sûnt 2007). [[User:Wutsje|Wutsje]] 8 jun 2020, 19.50 (CEST)
::Ik leau dat Steinbach doelt op 'e 'Kategory:Rekreaasje nei lân' ûnderoan dizze kategoryside. Steinbach, we hawwe alle Fryslân-kategoryen yn dizze Wikipedy yndield by de lannekategoryen. Dat hat neat te krijen mei nasjonalisme, hoewol't dêr neat mis mei is en ik jo delbûgende toan datoangeande net bot wurdearje kin. De yndieling hat simpelwei te krijen mei praktyske omtinkens. Om't Wikipedisten faak skriuwe oer ûnderwerpen ticht by hûs, besteane der nammentlik yn ferhâlding in hiel soad artikels oer Fryske ûnderwerpen. It is dan net mear as handich om dy net te ferstopjen yn in ekstra tuskenlizzende kategory. Nettsjinsteande dat haw ik de Fryske kategoryen <u>ek</u> yn 'e Nederlânske kategoryen set. (Hoewol't dat hjir net gewoante wie doe't ik der earst ynkaam. Ik kin jo net sizze hoefolle fierders lege Nederlânske kategoryen oft ik wol net oanmakke haw.) Fierders is Fryslân ek net it iennichste subnasjonale gebiet dat op dizze wize ek yn 'e lannekategoryen yndield is: we dogge dat ek by Skotlân, Ingelân, Wales, Noard-Ierlân, Flaanderen en Walloanje. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 8 jun 2020, 21.21 (CEST)
Werom nei de side "Rekreaasje yn Fryslân".