Kategory oerlis:Rekreaasje yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L Taalkorreksje, wiis my der rêstich op, at jim noch oare flaterkes yn myn Frysk fine.
Rigel 2:
:Dit is de Frysktalige wikipedy, dus it liket my net sa nuver dat dizze kategory bestiet (en dat oars ek al sûnt 2007). [[User:Wutsje|Wutsje]] 8 jun 2020, 19.50 (CEST)
::Ik leau dat Steinbach doelt op 'e 'Kategory:Rekreaasje nei lân' ûnderoan dizze kategoryside. Steinbach, we hawwe alle Fryslân-kategoryen yn dizze Wikipedy yndield by de lannekategoryen. Dat hat neat te krijen mei nasjonalisme, hoewol't dêr neat mis mei is en ik jo delbûgende toan datoangeande net bot wurdearje kin. De yndieling hat simpelwei te krijen mei praktyske omtinkens. Om't Wikipedisten faak skriuwe oer ûnderwerpen ticht by hûs, besteane der nammentlik yn ferhâlding in hiel soad artikels oer Fryske ûnderwerpen. It is dan net mear as handich om dy net te ferstopjen yn in ekstra tuskenlizzende kategory. Nettsjinsteande dat haw ik de Fryske kategoryen <u>ek</u> yn 'e Nederlânske kategoryen set. (Hoewol't dat hjir net gewoante wie doe't ik der earst ynkaam. Ik kin jo net sizze hoefolle fierders lege Nederlânske kategoryen oft ik wol net oanmakke haw.) Fierders is Fryslân ek net it iennichste subnasjonale gebiet dat op dizze wize ek yn 'e lannekategoryen yndield is: we dogge dat ek by Skotlân, Ingelân, Wales, Noard-Ierlân, Flaanderen en Walloanje. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 8 jun 2020, 21.21 (CEST)
:@Wutsje: wat Ienach seit. It giet my der net ôm, dat dizze kategory bestiet; ál, dat dizze kategory direkt ûnder "Rekreaasje nei lân" sit. @Ieneach: Ik haw noch hieltyd neat sein oer nasjionalisme op himsels. Wer't ik op doelde wie, dat Fryslân staatkundich gewoan gjin lân is, hoe graach of't guon dat ek wolle. It is gewoan in provinsje krekt as de âlve oaren, en sadwaande sjoch ik echt gjin rie om net ek Limboarch of Seelân as "lân" te sjen. Wer soenen je ophâlde moatte. Neffens my moat Wikipedy him gewoan oan'e feiten hâlde. Dat jilt dus ek foar Skotlân of Flaanderen. Pas as de Provinsjale Staten fan Fryslân himhar ûnôfhanklik fan Nederlân ferklearje, dan ha wy sokswat as in betwiste status en kinne we Fryslân sawol ûnder "Nederlân" as ûnder "X nei lân" sette. (In goed foarbyld soe [[Abgaazje]] wêze, allinich ha wy dêr op it stuit noch hielendal gjin artikels oer.)
:As ik echt de ienige bin dy't der sa oer tinkt, dan sil ik de kwestje wol rêste litte, mar neffens my is it dochs net tige "anti-Fries" at men hjir ôm wat neuterens freget... [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 8 jun 2020, 22.36 (CEST)
Werom nei de side "Rekreaasje yn Fryslân".