Meindert Talma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
De Domela Passie, in nij boek mij album oer Domela Nieuwenhuis.
Ik soe noch net sizze kinne hoe't dy platen hite dy't er dêrmei opnommen hat, mar hy hat ek noch yn it Dútsk en Ingelsk sjoengen.
Rigel 2:
'''Meindert Talma''' ([[Surhústerfean]], [[2 novimber]] [[1968]]) is popmuzikant en [[skriuwer]], aktyf yn de [[Grins (stêd)|Grinzer]] [[muzyk]]wrâld. Hy is ek ôfstudearre histoarikus.
 
Talma hat oan't no ta tige produktyf west: yn in tiidsbestek fan 7 jier ferskynden 5 CD's, twa [[roman]]s en in boek mei fraachpetearen. Yn syn persoanlike teksten, faak fol mei selsspot, brûkt Talma sawol it [[Frysk]] as it [[Nederlânsk]]. Talma hie ek in [[Ingelsk]]talich siidprojekt, ''Tamango'', wylst er mei syn [[krautrock]]band [[Ausputzer]] yn it [[Dútsk]] sjongt.<ref>[https://www.dvhn.nl/cultuur/Meindert-Talma-zet-vergeten-Duitstalige-plaat-online-25736990.html Dagblad van het Noorden - Meindert Talma zet 'vergeten' Duitstalige Krautrockplaat na tien jaar alsnog online: 'Het was wat experimenteler dan mensen van mij gewend waren']</ref> Syn muzikale ynfloeden binne divers. De [[New Wave]] út it begjin fan de 80-er jierren is dúdlik werkenber yn guon fan syn nûmers, mar ek [[Lou Reed]] hat grutte yndruk op him makke. Meindert Talma is sûnt [[1997]] foaroanman fan de freoneband [[Meindert Talma & The Negroes]].<br>
 
Hy is fierder aktyf as redakteur fan it Fryske tydskrift [[De Blauwe Fedde]] en [[kollumnist]] foar ûnder oaren de [[Ljouwerter Krante]] dêr't syn bydragen ferskynden ûnder de titel ''Talma Tikt''.