Doarestêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 8:
 
== Lizzing ==
De wichtichste reden dat Doarestêd op it stee as bloeiende hannelspleats (''emporium'') ûntstie, wie troch har lizzing. It lei, oars as de tichtby lizzende stedenstêden [[Utert (stêd)|Utert]] en [[Fechten]], op it krúspunt fan twa wichtige hannelsrûtes oer wetter. Fia de iene rûte hie Doarestêd in ferbining mei it tsjintwurdige [[Fryslân]] en it [[Waad|Waadgebiet]] fia de [[Kromme Ryn]], [[Utertske Fecht]] en de [[Almere (mar)|Almere]]. Yn grut ferbân ferbûn it [[Skandinaavje]] en it [[Eastsee]]gebiet mei it [[Frankyske Ryk]].
 
De twadde hannelsrûte rûn langs de Lek nei de kust en foarme in ferbining tusken it Rynlân en de [[Atlantyske Oseaan|Atlantyske]] kust en [[Ingelân]].<ref>J. Dijkstra, J. van Doesburg en M.M. Sier</ref> Ek koe men fia dizze ferbining de [[Skelde (rivier)|Skelde]] berikke en dêrtroch it Frankyske kerngebiet yn Noard-[[Frankryk]].