Alde Egypte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
De earste bewenners festigen har foar 5.000 f.Kr. as boeren op de ouwers fan de [[Nyl]]. Yn de twa millennia dêrnei bouden sy delsettings dy't harren ta doarpen ûntwikkele en ferfolgens ta stedenstêden, dy't lykas [[Hierakonpolis]] en [[Nakwada]] inkele tûzenen ynwenners telden. Lokale keningen hearsken oer de befolking, dy't ferdield wienen yn stammen. Dy hearskers kleemden oer boppenatuerlike krêften te beskikken. Eltse stêd hie syn eigen godheid; sa beskerme de falkgod Hoarus de ynwenners fan Hierakonpolis.
 
Om 3500 f.Kr. begûnen de hearskers elkoar te bestriden en foelen oanswettende gebieten oan, om gruttere riken te foarmjen. Stadichoan ferienigen dy riken har, oant der mar twa keninkriken oerbleaun wiene: [[Boppe-Egypte]] yn it suden en [[Under-Egypte]] yn it noarden.