René Descartes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stikje red, alfêst
L st
Rigel 9:
 
== Syn reizen ==
Yn de 20 jier dat er yn [[Nederlân]] wenne makke er mar inkele sakereizen nei Frankryk en ien nei [[Ingelân]]. Yn Nederlân waard er net sparre foar politike oanfallen. Dy oanfallen kamen net út de hoeke fan de katoliken mar út dy fan de fanatike [[protestantisme|protestanten]]. Lokkich foar him koe er alle kearen op beskerming rekkenje fan goeie freonen. Hy hie ferskillende kontakten wêrûnder de [[Kardinaal de Berulle]]. Dy man moedige him oan om syn ideeën foar de filosofy út te wurkjen yn in systeem. In systeem dat it systeem fan [[Aristoteles]] ferfange koe. Yn [[1628]] fêstige er him wer yn Nederlân. Hy hat yn ferskillende stedenstêden wenne, wêrûnder [[Frjentsjer]], [[Hurderwyk]], [[Dimter]], [[Utert (stêd)|Utert]], [[Leien]], [[Amersfoart]], [[Amsterdam]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Endegeast]], [[Oegstgeast]], [[Santpoarte]] en foar in langere tiid yn [[Egmond Binnen]].
 
Yn 1630 skreau er him yn oan de [[Universiteit fan Leien]]. Hy kaam dêr yn kontakt mei [[Constantijn Huygens]]. Yn de simmer fan 1635 joech Descartes les yn filosofy yn Utert. Yn dat jier krige er yn Amsterdam in dochter Francine by it tsjinstfamke Helene Jansdochter. Yn 1640 ferstoar it famke. Yn dy tiid hie er spul mei de ferneamde [[Gisbertus Voetius]].