Meksiko-Stêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 25:
| webside = [http://www.df.gob.mx Offisjeel webstee]
}}
'''Meksiko-Stêd''' ([[Spaansk]]: ''Ciudad de México'' of ''México D.F.'', [[Ingelsk]]: ''Mexico City''), faak '''Meksiko''' (Spaansk: ''México'') neamd, is de [[haadstêd]] fan [[Meksiko]]. Bestjoerlik besjoen is Meksiko itselde as it '''Federaal Distrikt''' (Spaansk: ''Distrito Federal'', ''D.F.''), en gewoanwei wurdt de stêd faak D.F. neamd. Meksiko-stêd is ien fan de grutste stedenstêden yn de wrâld. It Federaal Distrikt hat 8,8 miljoen ynwenners, de [[agglomeraasje Meksiko-stêd]], dat ek parten fan de dielsteat Meksiko beslacht, hat goed 20 miljoen ynwenners. Meksiko-stêd lei yn de [[Delling fan Meksiko]] op 2240 meter boppe de seespegel en is it politike, ekonomyske en kultuerele sintrum fan it lân.
 
== Skiednis ==
De stêd waard yn [[1325]] as [[Tenochtitlan]] troch de [[Azteken]] stifte. De leginde wol hawwe dat har stamgod [[Huitzilopochtli]] it plak oanwiisde dêr't de op dat stuit noch nomadyske Azteken har festigje moasten, troch in [[Earn (rôffûgel)|earn]] op in [[Kaktusfamylje|kaktus]] in [[slang (bist)|slang]] opfrette te litten. It tafreel stiet ôfbylde op it wapenskild fan de flagge fan Meksiko. Dat barren wie op in eilân yn it [[Tekskokomar]], dat dêr stiften de Azteken har haadstêd. De stêd wreide him rillegau út oer oare eilannen yn de mar, sadat der in soarte fan [[Feneetsje]] ûntstie. Op har hichtepunt hie Tenochtitlan 200.000 oant 300.000 ynwenners en wie it op [[Parys]] en [[Konstantinopel]] nei de grutste stêd fan de wrâld.
 
Yn [[1519]] berikte de Spaanske [[konkwistadore]] [[Hernán Cortés]] de stêd. Yn it earstoan waard er freonlik wolkom hjitten, mar letter waard er de stêd útjage. Nei in belis fan moannen joech de stêd har op [[13 augustus]] [[1521]] oer. It waard de haadstêd fan it ûnderkeninkryk [[Nij-Spanje]] en nei [[1821]] fan it selsstannich Meksiko, alhoewol't út reden fan boargeroarloggen oare stedenstêden tydlik ek haadstêd west hawwe. Yn [[1847]] waard Meksiko-stêd beset troch de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] en yn [[1863]] troch de [[Frankryk|Frânsen]].
 
Yn de [[20e iuw]] naam it ynwennertal tige ta, en wie de stêd in skoft de grutste fan de wrâld. Yn [[1968]] waarden de [[Olympyske Simmerspullen 1968|Olympyske Spullen]] yn Meksiko-stêd organisearre, mar dat jier bringt yn Meksiko fral it [[bloedbad fan Tlatelolco]] te binnen, dat twa wiken foar de iepening fan de Spullen barde. Op [[19 septimber]] [[1985]] waard de stêd rekke troch in swiere [[ierdskodding]] (it episintrum lei besuden de stêd yn [[Michoacán]]), dêr't 5.000 (neffens de regearing) oant 20.000 deaden by foelen. Boppedat rekken tsientûzenen dakleas.
Rigel 39:
Al sûnt it begjin fan de Kristlike jiertelling is de Delling fan Meksiko ien fan de meast tichtbefolke gebieten fan it Amerikaansk kontinint. De agglomeraasje Meksiko-stêd hat no sa'n 20 miljoen ynwenners, it Federaal Distrikt 6,5 miljoen. It ynwennertal fan it Federaal Distrikt is sûnt 1980 sa'n bytsje gelyk bleaun, mar de foarstêden groeie noch omraak. It migraasjesaldo fan it sintrum fan de stêd is licht negatyf.
 
It Federaal Distrikt is it gebiet mei it heechste ynkommen de persoan en mei de heechste [[yndeks fan minsklike ûntjouwing]] fan Meksiko. De wiken yn it westen fan de stêd (Polanco, Condesa, Las Lomas de Chapultepec, San Ángel) hawwe yn it generaal de measte wolfeart; de wiken yn it easten op de earde marboaiem binne it earmst. Dy east-westferdieling fan wolfeart jildt ek foar de foarstedenfoarstêden, de eastlike foarstêden [[Sancristóbal Ecatepec de Morelos]], [[Ciudad Nezahualcóyotl]] en [[Chalco]] jilde as earm, wylst Tlalnepantla, Naucalpan de Juárez en Ciudad López Mateos it relatyf better dogge.
 
De taal dy't it meast sprutsen wurdt is it [[Spaansk]]. Fanâlds wurdt ek [[Nahuatl]] yn Meksiko-stêd sprutsen. Op it heden binne der noch mar 37.450 persoanen, dat is 0,44 prosint, dy't Nahuatl as memmetaal hawwe. Oare yndiaanske talen dy't dêr sprutsen wurde binne [[Otomí (taal)|Otomí]], [[Miksteeks]], [[Zapoteeks]] en [[Mazahua (taal)|Mazahua]]. De lju dy't dy talen brûke komme út oare dielen fan Meksiko. Hurde sifers binne der net, mar der wurdt tocht dat [[Ingelsk]] en [[Dútsk]] minstens likefolle sprekkers hawwe as de yndiaanske talen.
Rigel 73:
 
[[Ofbyld:Metrobús Set Dominguez.jpg|thumb|left|200px|[[Metrobús (Meksiko-Stêd)]]]]
In oar soarte probleem is de ferkearsgaos. Meksiko-stêd is al ien fan grutste stedenstêden yn de wrâld, mei 22 miljoen ynwenners, en waakst noch hieltyd. Dêr is wol in wiidweidich metrosysteem mar yn de spitsoeren kin dy it tal reizgers amper oan. Nije metrolinen of oare foarmen fan iepenbier ferfier binne faak al efterhelle op it stuit dat se klear binne, alhoewol't okkerdeis in oantal eksperiminten mei heechweardich iepenbier ferfier de druk wol wat fan de tsjettel helle hawwe.
 
De lofthaven fan de stêd is [[Benito Juárez International Airport]], der is in metrosysteem en der ride [[trolleybus]]sen.
Rigel 89:
De stêd is de thúsbasis foar mear as ien fuotbalklup, sa as [[Club América]], [[Atlante]], [[Cruz Azul]] en [[Pumas UNAM]]. Tn it [[Aztekenstadion]], thúsbasis fan América en Atlante, is twaris de finale fan it wrâldkampioenskip fuotbal organisearre. Op de kampus fan de [[Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko]] is it [[Universitêr Olympysk Stadion]], thúsbasis fan de Pumas UNAM en boud foar de Olympyske Spullen fan [[1968]]. De [[hurfytsen|hurdfytsbaan]] fan Meksiko-stêd is de heechst lizzende fan de wrâld. Omdat de loftwjerstân dêrtroch leech is, wurd dêr faak besocht it [[Wrâldoererekord (hurdfytsen)|wrâldoererekord]] te ferbrekken. U.o. [[Eddy Merckx]], [[Francesco Moser]] en [[Leontien van Moorsel]] hawwe hjir it wrâldoerekord ferbrutsen.
 
== PartnerstedenPartnerstêden ==
* [[Berlyn]] ([[Dútslân]])
* [[Chicago]] ([[Feriene Steaten]])