Hammoerabi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L 1 dinkje
L st
Rigel 8:
Hammûray erfde yn [[1792 f.Kr.]] de troan fan syn heit [[Sin-Muballit]], dy't as kening hearske oer de stêdsteat [[Babylon]]. Babylon wie ien fan de protte stêdsteaten yn de Mesopotamyske flakte dy't geregeld ûnderling kriich fierden oer it besit fan fruchtbere lânbougrûn. Earder foarsten fan Babylon hiene omlizzende stêdsteaten al yn de macht krigen. Doe't Hammûraby oan it bewâld kaam, foelen de stêdsteaten fan [[Borsippa]], [[Kish (Sumer)|Kish]] en [[Sippara]] al ûnder syn gesach, it machtige keninkryk fan [[Eshnunna]] behearske de bopperin fan de [[Tigris]], wylst [[Larsa]] de rivierdelta kontroleare. Yn it easten lei it keninkryk fan [[Elam]] en yn it noarden regeare [[Shamshi-Adad I]] dy't in op ekspânsje rjochte polityk fierde.
 
De earste tsien jierren fan Hammûraby syn bewâld ferrûn relatyf rêstich. Hammûraby hat dy tiid brûkt om in rige publike wurken te ferrjochten, wêrûnder it ferheegjen fan de stedsmuorren en útwreiding fan it tal timpels. Om-ende-by 1766 f.Kr. foel hy it machtige keninkryk fan [[Eshnunna]] oan, dat wichtige hannelsrûtes oer it [[Zagrosbertme]] kontrolearen. Mei syn bûnsmaten ûnder de stêdsteaten fan de Mesopotamyske flakte, bestride en ferwoaste hy Eshnunna. In grut tal stedenstêden waard dêrby ferwoaste en de alliânsje fan Hammûraby leinen foar it earst har hearskippij op oan in part fan de Mesopotamyske flakte. It keninkryk fan Elam, dat har hiel bot bedrige fielde, besocht in oarloch út te lokken tusken it Babylonyske ryk fan Hammûraby en it ryk fan Larsa. Lykwols ûntdekke Hammûraby en [[Rim-Sin]], de kening fan Larsa, it bedroch en slute meielkoar in alliânsje tsjin Elam. Tegearre falle sy dat ryk oan en bringe har in ferpletterjende nederlaach ta. Lykwols wie de militêre ynspanning fan Hammûraby it grutst, want hy makket him der lulk oer dat syn bûnsmaat sa'n bytsje meidie. Hy keart him tsjin Rim-Sin dy't er om-ende-by 1763 f.Kr. ferslaat. Dêrtroch wit hy de hiele leechflakte fan Mesopotaamje ûnder him te ferienigen.
 
Hammûraby is nei alle gedachten deselde persoan as Amrafel dy't yn de [[bibel]] neamd wurdt.