John Speed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
 
Rigel 4:
Yn 1582 sette er him nei wenjen en wurkjen yn [[Londen]]. Troch syn kennis fan skiednis rekke er bekend yn wittenskiplike rûnten. Hy gie by it Antikwarysk Genoatskip, dêr't er oantrúnd waard om histoarysk ûndersyk te dwaan. Dat koe er dwaan troch stipe fan Sir [[Fulke Greville]]. Fierders hie er in lyts baantsje by it dûanekantoar, sa koe er troch de tiid komme en ek noch ûndersyk dwaan.
 
Yn 1607 sette er útein mei in rige kaarten fan [[Greefskippen fan Ingelân|Ingelske greefskippen]] en stedenstêden; it soe syn ferneamste wurk wurde. Oantrúne troch ûnder oaren [[William Camden]] begûn er ek oan syn ''Historie of Great Britaine'', útjûn yn 1611. Syn kartografysk wurk wurdt lykwols heger achte.
 
Syn atlas ''The Theatre of the Empire of Great Britaine'' ferskynde ek yn 1611. It hie kaarten fan greefskippen yn Ingelân en [[Wales]] en in tal kaarten fan [[Ierlân]] en ien fan [[Skotlân]], faak mei fersierde stedsplattegrûnen. In grut part fan de kaarten liet er yn [[Amsterdam]] gravearje yn it atelier fan syn freon [[Jodocus Hondius]].