Willem Tell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 4:
 
== Leginde ==
It ferhaal giet dat de legindaryske [[krúsbôge]]sjitter Willem Tell yn [[1307]] wegere de hoed te groetsjen dy't lânfâd Gessler op in stôk op it doarpsplein setten hie as symboal foar it hearskjende [[Habsburch]]. Gessler ûnthjitte him dêrop mei syn bôge in [[Appel (frucht)|appel]] fan de holle fan syn jonkje te sjitten. Willem Tell helle twa pylken út syn koker en skeat der ien mei súkses troch de appel. Doe't Gessler frege wat de bedoeling fan de oare pylk wie, andere hy dat dy foar de lânfâd ornearre wie as hy syn soantsje deade hawwe soe. Dêrnei waard hy finzen nomd. Wylst Tell yn in boatsje oer de [[FjouwerwâldstedenmarFjouwerwâldstêdenmar]] nei de finzenis brocht waard, stuts in stoarm op en wist hy te ûntkommen. Willem Tell gie gau werom nei [[Küssnacht am Rigi|Küssnacht]] en skeat de hate lânfâd dea mei syn krúsbôge.
 
De rest fan de Tell-leginde fermeldt allinnich dat hy yn [[1315]] meifochten hawwe soe yn de [[Slach by Morgarten]] tsjin de Eastenrykske hartoch Leopold I en yn [[1354]] ferdronken wêze soe yn de wylde berchbeek Schächenbach doe't hy in bern besocht te rêden.