Ferskil tusken ferzjes fan "Robert I fan Skotlân"

Frysk
L (st)
(Frysk)
 
Neffens it ferhaal beaen Douglas-en-dy harren tsjinsten oan kening [[Alfûns XI fan Kastylje]] oan en namen se yn [[augustus]] [[1330]] diel oan 'e [[Slach by Teba]]. By it efterfolgjen fan it Moarske [[ruterfolk]] nei it ôfslaan fan in oanfal, naam de Swarte Douglas doe it kistke mei it hert fan Robert de Bruce yn 'e hân en spriek de wurden: ''"Now pass thou onward before us, as thou wert wont, and I will follow thee or die."'' ("Geane jo ús no foar, sa't jins wenst wie, dan sil ik jo folgje of stjerre.") Dêrop ûnderhelle er de earm en smiet it kistke foarút tusken de Moarske kavalery. Mar de Moaren, dy't trochkrigen dat se mar troch in lyts tal ridders efterfolge waarden, kearden op dat stuit de hynders en foelen op 'e nij oan.
 
Douglas soe tebekwike, mar seach doe dat Willem fan St. Clair fan Rosslyn besingele rekke wie troch de fijân. Mei de oare Skotten besocht er syn lângenoatlânslju te help te kommen, mar hja wiene fier yn 'e minderheid, en Douglas en de measte oaren, wêrûnder St. Clair fan Rosslyn en de beide Logan-bruorren, fûnen yn dat gefjocht de dea. Neitiid waard troch de oerlibbenen it kistke mei it hert fan Robert de Bruce op it slachfjild weromfûn, fuortby it lichem fan 'e Swarte Douglas. De ridders [[Willem Keith fan Galston]] en [[Simon Locard fan Lee]] (dy't syn namme nei oanlieding fan dit foarfal letter feroare fan 'Locard' yn 'Lockhart') bewurkmasteren dat sawol it kistke mei it hert as it lichem fan 'e Swarte Douglas weromstjoerd waarden nei Skotlân.
 
Neffens de lêste winsk fan Robert de Bruce waard syn hert neitiid begroeven yn 'e [[Abdij fan Melrose]], yn [[Roxburghshire]], dêr't it yn [[1920]] ûntdutsen waard troch [[archeolooch|archeologen]] en werbegroeven, sûnder dat de eksakte lokaasje fêstlein waard. Yn [[1996]] waard ûnder in ferbouwing yn 'e abdij in kistke fûn, dat neffens [[wittenskip]]lik ûndersyk yndie minsklike resten fan in tapaslike âlderdom befette. Yn [[1998]] waard it op 'e nij werbegroeven yn 'e Abdij fan Melrose.
11.026

bewurkings