Willem Barents: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Frysk
LNo edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:1601 De Bry and de Veer Map of Nova Zembla and the Northeast Passage - Geographicus - NovaZembla-debry-1601.jpg|thumb|Kaart út 1601 mei de rûte fan Barents]]
[[Ofbyld:Barents-iisbear.jpg|thumb|''Barents' syn mannen fjochtsje mei in iisbear'']]
'''Willem Barents''', yn it [[Nederlânsk]] skreaun as '''Willem Bartentz''' (* [[Formearum]], ± [[1550]] - † [[Nova Sembla]], [[20 juny]] [[1597]]) wie in [[Fryslân|Fryske]] seefarder en ûntdekkingsreizger fan [[Skylge]]. Willem Barents makke trije ûntdekkingsreizen om de noardeastlike trochfeart te finen, wêrby't hy de kusten fan Nova Sembla ferkende en [[Beareëilân]] en [[Spitsbergen]] ûntdekkeûntduts.
 
== Biografy ==
Oer it libben fan Barents foar it begjin fan de ekspedysjes is net folle fan bekend. Hy wie keapman en wittenskipper en makke in atlas fan de [[Midslânske See]]. Yn [[1594]] krige hy de lieding oer de earste ekspedysje om de noardeastlike trochfeart nei Aazje en it Fiere Easten te finen. Mei twa skippen folge Barents de kust fan [[Nova Sembla]] yn'e hope om de eilannen hinne farre te kinnen, mar hy waard troch it iis opkeard. In twadde skip dat [[Cornelis Nay]] as kaptein hie, hie mear súkses. Dy wist fia de [[Strjitte fan Waygats]] yn de [[Karasee]] te kommen. [[Jan Huygen van Linschoten]], dy't op de reis oanwêzich wie hat in ferslach makke yn syn ''Voyagie, ofte schip-vaert van by Noorden om langes''.
 
It súkses fan Nay late ta in twadde, gruttere ekspedysje yn [[1595]], diskear ûnder lieding fan Barents en [[Jacob van Heemskerk]], en dêr't ek Nay en [[Jan Huygen van Linschoten]] wer oan mei dienen. Troch it iis slagge it de ekspedysje net om de Karasee te berikken. Wol waard hannel dreaun ticht by de mûning fan de [[Petsjora (rivier)|Petsjora]] mei de lokale [[Nenetsen]] (doe ''Samojeden'' neamd).
 
Yn [[1596]] gie Barents foar de tredde kear nei it noarden, opnij mei Van Heemskerk. Opdrachtjouwer foar de tredde reis wie de eardere kartograaf en dûmny [[Petrus Plancius]]. Diskear fear Barents fanôf [[Skandinaavje]] net nei it easten, mar nei it noarden. Hy ûntdekte in eilân dat hy ''Fiere eilân'' neamde (it tsjintwurdige [[Beareëilân]]) en fierder noardlik, op 80° 11' NB, in lân dat er ''It Nije Lân'' neamde (it tsjintwurdige Spitsbergen). Werom op Bereneilân, waard de ekspedysje yn twaen splitst. Ien skip, ûnder [[Jan Corneliszoon Rijp]], besocht westlik fan Spitsbergen in trochfeart te finen, wylst Barents de seeën tusken Spitsbergen en Nova Zembla ûndersocht.