Audulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
keningshal
útwreiding mie de muntskat fan Wiuwert
Rigel 4:
 
De munten binne yn Nederlân fûn yn Escharen en yn 'e omkriten fan [[Arnhim]] en binne ek fûn yn [[Ingelân]]. Se binne nei alle gedachten slein tusken [[600]] en [[630]]. Begjin 2006 waard in [[Winaam]] in muntstimpel fûn fan Audwulf Frisia (AUDWULF FRISIA) op it plak dêr't al earder socht wie nei in ''keningshal'' fan in Fryske kening.
 
In oare bysûnder fynst dat yn ferbân brocht wurdt mei Audulf is de goudskat fan [[Wiuwert]]. Hjir siet in munt by mei it opskrift VICTORIA AUDUFO, dat nei alle gedachten slein waard nei it beheljen fan in wichtige oerwinning. It folk dat it meast as tsjinstanner fan kening Audulf yn oanmerke komt binne de [[Franken]], dy't de Friezen de hearskippij bestride hawwe oer de mûning fan de [[Ryn]].
 
==Boarne==