Ferskil tusken ferzjes fan "Masedoanje (Aldheid)"

L
st
L (st)
Yn de [[7e iuw f.Kr.]] stifte [[Perdikkas I fan Masedoanje|Perdikkas]] yn Masedoanje it keningshûs fan de Argeaden. De earste werklik wichtige foarst wie [[Aleksander I fan Masedoanje|Aleksander I]] (498-454 f.Kr.), bynamme ''de Filhelleen''. Dy reorganisearre syn leger en krige it rjocht de [[Panhelleense Spullen|Olympyske Spullen]] by te wenjen, wêrtroch't hy yntinsyf belutsen rekke by de Grykse kultuer. Hy hat ea de dichter [[Pindarus]] nei syn hof útnûge en skonk in gouden byld oan de timpel fan [[Delfy (Grikelân|Delfy]].<br />Syn opfolger [[Perdikkas II fan Masedoanje]] soe sels [[Sokrates]] oan syn hof hawwe wold.<br />De grutste kening út dizze perioade wie sûnder mis [[Argelaüs I fan Masedoanje]], dy't regearde fan [[413 f.Kr.]] ôf en yn [[399 f.Kr.]] fermoarde waard. Hy makke syn leger ta ien fan de bêste út de âlde wrâld, lei wegen oan yn syn lân, en helle keunstners as [[Euripides]] en [[Seuksis]] nei syn hof. Hy organisearre ek toanielwedstriden ta eare fan [[Seus]] en de [[Muzen]] en makke fan [[Pella (Masedoanje)|Pella]] syn haadstêd.
 
De machtsútwreiding ûnder [[Filippus II fan Masedoanje|Filippus II]] wie it begjin fan de romrofte perioade fan de Masedoanyske skiednis: de fjildtochten fan syn soan [[Aleksander de Grutte]]. Nei dy syn dea waard it oarspronklike Masedoanje in striidpunt ûnder de [[diadochen]] [[Antigonus Monofthalmus]], [[Kassander]] en [[Lysimachus]], oant him sûnt [[Antigonus Gonatas]] in mear stabile dynasty foarme, dy't yn [[168 f.Kr.]] ta fal brocht waard troch de Romeinen. It lân waard yn 4 fazalsteatsjes ferdield en 20 jier letter ta in RomeinseRomeinske [[Masedoanje (Romeinske provinsje)|provinsje]] makke.
 
== Sjoch ek ==
11.721

bewurkings