Herodotus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L fl
 
Rigel 15:
Troch syn wichtige wurk ''Historiën'', wurdt Herodotus sjoen as de ''heit fan de skiedskriuwers''. Syn mânske bondeling fan boeken, dy't it midden hâldt tusken de ferhalen fan in reizger en it dúdlike besykjen fan in skiedkundige om in objektyf ferslach te dwaan fan de nijsgjirrichheden fan syn tiid. Yn de Historiën beskriuwt Herodus de [[Perzyske Oarloggen]], mar makket ek in soad sydsprongen nei oare skiedkundige en geografyske ûnderwerpen. Foar Herodotus wienen der al wol de [[logograaf|logografen]], mei as ien fan de wichtigste [[Hekataeus]], mar sy spitsten har benammen ta op beheindere saken as [[geografy]] en [[antropology]]. Herodotus hat in soad brûkt fan dizze skriuwers.
 
De ''Historiën'' binne it âldste grutte wurk fan Gryksk proaza dat bewarre bleaun is, en dêrmei ek fan de hiele Westerske literatuer. It fertoant noch d'udlikedúdlike epyske skaaimerken: anekdoaten en novellen.
It eigentlike ûnderwerp fan de Historiën is de gewelddiedige skiednis fan de konfrontaasje tusken East en West, tusken "[[barbaar|barbaroi]]" en Griken, dy't har hichtepunt yn earsten berikte yn de [[Perzyske Oarloggen]].