Neakenens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Princess_Swaziland_013.jpg ferfange troch Princess_at_the_Reed_Dance_in_Eswatini.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: [[:c:COM:FR#FR3|Crit
Rigel 159:
==Optwongen neakenens==
===Histoaryske behanneling fan sljochtsinnigen===
[[Histoarysk]] waarden lju dy't yn [[psychiatrysk sikehûs|gekkegestichten]] opsletten waarden, faak neaken holden. Yn [[Ingelân]] waarden troch [[kristlik]]e [[goeddiedichheid]]synstellings iuwenlang [[klean]] ynsammele foar de [[earmoede|earmen]], mar fan 'e [[santjinde iuw|santjinde]] oant de [[njoggentjinde iuw]] waarden [[pasjint]]en (ein [[finzene]]n) yn gestichten net ta dy groep rekkene. Bygelyks yn it [[Bethlem Royal Hospital]] wiene de pasjinten dêrom ornaris neaken, en waarden se boppedat ek noch op oare manearen [[wredens|wreed]] behannele. Dy behanneling einige oan it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]], doe't der humanere foarmen fan omgean mei sljochtsinnigen ûntwikkele waarden. Nettsjinsteande dat spile der yn [[Nederlân]] yn [[1995]] noch in saak wêrby't in [[geastlik beheind]] [[tiner]]famke, [[Jolanda Venema]], yn in ynrjochting neaken mei [[keatling]]s oan 'e muorre fêstset wie.
[[File:Abu Ghraib 21.jpg|right|thumb|200px|In ôfbylding fan in [[finzene]] yn 'e [[Abû Graib Finzenis]] yn [[Bagdad]] dy't yn [[2003]] [[slachtoffer]] waard fan it [[marteling en mishanneling fan finzenen yn de Abû Graib Finzenis|Abû Graib-skandaal]].]]