Neakenens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
 
==Betsjutting en gebrûk==
Hoewol't 'neaken' sûnder fierdere omskriuwing oer it algemien opfet wurde sil as 'sûnder lykfol hokker klean', kin mei de term 'neaken', ôfhinklik fan 'e kontekst in ferskaat infan steaten fan neakenens werjûn wurde. As bygelyks sein wurdt: "mei in neaken boppelichem" of "yn syn bleate bast", begrypt de taharker dat de beskreaune persoan wol klean oan it ûnderlichem hat. In term as 'healneaken' is dizeniger, mar it is dúdlik dat de beskreaune persoan yn sa'n gefal net hielendal neaken is. As men oanjaan wol dat ien hielendal gjin klean oan hat, brûkt men omskriuwings as: "yn syn adamskostúm", "yn 'e bleate kont", "sa neaken as er te wrâld kommen wie" of "yn syn nakene niksy". Yn 'e [[filosofy]] wurdt sa'n steat fan folsleine neakenens wol omskreaun as "de natuerlike steat". By froulju wurdt, as se it boppeliif (en dêrmei de [[boarsten]]) yn it iepenbier ûntbleatsje (mar it ûnderliif net), sein dat se [[topless]] binne.
[[File:FYN 06.jpg|left|thumb|250px|In groep neakene jonge [[naturisme|naturisten]] yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Floarida]].]]