Nieuwsblad van het Noorden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 9:
Yn de earste fjouwer jierren fan de [[Twadde Wrâldoarloch]] bleau it Nieuwsblad van het Noorden ferskinen tanksy in goergeunstige hâlding nei de Dútsers ta. Doe't de akseptaasje fan in [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]] -haadredakteur wegere waard, folge yn july 1944 in ferskiningsferbod. Op [[26 jannewaris]] [[1946]] ferskynde de krante pas wer, earst yn in oplage fan 35.000 eksimplaren.
 
De Grinzer publisist [[Johan van Gelder]] wijde yn 2001 in boek oan de oarlochsperioade ûnder de titel ''Het Schandaal, de "aanpassing" fan it Nieuwsblad van het Noorden''. Hy wiist op in pro-DútseDútske hâlding en antisemityske artikels en mient dat it ferskinen fan de krante staakt wurde moatten hie. Van Gelder ferwyt de útjouwers, de bruorren Hazewinkel, dat se allinnich harren famyljebedriuw yn stân hâlde woene. Dat wie gjin ''daad van bovengronds verzet'', lykas de Hazewinkels bewearden. By de ferskining fan it boek neamde directeur Gijs Lensink fan Hazewinkel Pers de oantigings fan Van Gelder "swier" en "net terjochte"
Fan [[1961]] - [[1987]] wie [[Ger Vaders]] haadredakteur. Vaders krige lanlike bekendheid trochdat hy as tafallige passazjier yn de trein siet dy't desimber 1975 by Wijster troch Molukkers [[Treinkaping by Wijster|kaapt]] waard. Ein [[1970-1979|jierren santich]] rekke hy yn konflikt mei de redaksje, wêrnei't hy de deiske lieding fan de krante oerdroech.