Kigali: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 26:
 
== Ut de skiednis ==
Kigali waard yn [[1907]] ûnder de DútseDútske [[kolonisaasje]] troch [[Richard Kandt]] stifte. Earst yn 1962, by de [[dekolonisaasje]], waard Kigali de haadstêd fan Rûanda. De tradysjonele haadstêd wie yn it ferline de residinsje fan de ''Mwami'' (kening) te [[Nyanza]]. It koloniale sintrum wie yn [[Butare]], dat doetiids Astrida hjitte. Yn it earstoan wie it de bedoeling dat Butare de haadstêd fan it ûnôfhinklike Rûanda wurde soe, mar út reden fan de sintrale lizzing fan de stêd waard it dochs Kigali. Sûnttiid is de stêd hurd groeid en hieltyd it politike, ekonomyske en kultuerele sintrum fan Rûanda bleaun.
[[Ofbyld:Suburb of Kigali Rwanda June 2009.jpg|thumb|left|250px|Noardlike bûtenwyk yn Kigali]]
Fan [[7 april]] [[1994]] ôf wie Kigali it toaniel fan de [[Rûandeeske genoside]], de moard op sa'n miljoen [[Tûtsy]]'s en matige [[Hûtû]]'s troch Hûtû-milysjes (''[[interahamwe]]'') en leden fan it Rûandeeske leger. Yn Kigali wie ek de striid tusken it leger, dat troch Hûtû's dominearre waard, en it ''Front Patriotique Rwandais'' (FPR, Patriottysk Front fan Rûanda), dat meast út Tûtsy's bestie.