Willy Krogmann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 4:
Nei de stúdzje germanistyk, filosofy, midsiuwske- en nije skiednis yn [[Rostock]] promovearre er dêr 1928 mei ''Untersuchungen zum Ursprung der Gretchentragödie.'' Yn 1939 waard er privaatdosint oan de [[Universiteit Königsberg]] nettsjinsteande de wjerstân tsjin syn beneaming.
 
1933 waard er lid fan de [[Nasjonaalsosjalistyske DútseDútske Arbeiderspartij|NSDAP]] en it Nasjonaalsosjalistyske DútseDútske Dosintebûn. Fan 1933 oant 1936 wurke er by it Ynstitút Deutsches Wörterbuch yn Berlyn, dat [[Bruorren Grimm|Grimm]] syn ''Deutsches Wörterbuch'' fannijs útjoech. Dêrnei wie er meiwurker oan Trübner syn Dútsk Wurdboek oant 1939. Dat wurk ferwiksele er foar dat fan wittenskiplik meiwurker oan de [[Universiteit fan Hamburch]], dêr't er ûnder mear dosint [[Frysk]] wie. Fan 1940 oant 1945 wurke er as ''Sonderführer'' fan de [[Wehrmacht]] yn it besette Nederlân, dêr't er fan 1940 ôf lid fan de [[Fryske Akademy]] yn Ljouwert wie.
 
Yn 1947 sette er útein mei wurk oan it [[Halûndersk|Helgolanner Wurdboek]] en yn 1948 waard er haad fan it Friesischen Institut yn Hamburch, dat stifte wie op oanstean fan it Hamburger Gilde.<ref>[http://archiv.abendblatt.de/ha/1948/pdf/19481220.pdf/ASV_HAB_19481220_HA_003.pdf Zeitungsmeldung, Hamburger Abendblatt fan 20 desimber 1948]</ref> Fan 1952 oant 1960 hie er in learopdracht oan de Hamburger Universiteit en fan 1960 oant 1967 wie er lektor Fryske filology.