Albert Göring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
 
Rigel 7:
 
== Anty-nazyaktiviteiten ==
De [[nazi]]'s kamen [[1933]] yn [[Dútslân]] oan de macht. Hermann Göring wie al yn [[1922]] lid fan de [[Nasjonaalsosjalistyske DútseDútske Arbeiderspartij|NSDAP]] wurden en soe it bringe ta ien fan de meast wichtige figueren^yn it rezjymen. Albert woe neat witte fan de partij fan [[Adolf Hitler]] en har ideology. Hy wie in leauwich [[roomsk-katolyk]] en [[antisemitisme]] wie frjemd foar him. Yn de jierren foar de [[Anschluss]] liet er dat geregeldwei yn it iepenbier witte.
 
Doe't de Dútsers yn 1938 [[Eastenryk]] anneksearren, hie er grutte problemen krije kinnen, mar as er al arrestearre waard, wie syn efternamme of it streekrjocht yngripen fan syn broer genôch om him wer frij te krijen. Göring makke dêr tankber brûkme fan. Bygelyks seach er ris hoe't joaden troch de [[Schutzstaffel|SS]] twongen waarden ta strjitskrobjen. Sûnder berie die er syn jas út, gie op de knibbels en die mei harren mei. Fuortendaliks makke de ferantwurdlike SS-offisier doe in ein oan de iepenlike krinking.