Izertoer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 4:
Op de Izertoer stean yn krúsfoarm de letters ''AVV VVK'' wat stiet foar ''Alles Voor Vlaanderen, Vlaanderen Voor Kristus'' (Alles foar Flaanderen, Flaanderen foar Kristus). Op de toer stiet ek ''Nea wêr oarloch'' yn de fjouwer talen fan de stridende partijen fan it westlik front fan de [[Earste Wrâldkriich]]: ''Nooit meer oorlog'', ''Plus jamais de guerre'', ''No more War'' en ''Nie wieder Krieg''. Mei syn 84 meter is de Izertoer it grutste fredesmonumint fan Jeropa.
 
De Izertoer is in it foarste plak in betinkingsmonumint foar de FlaamseFlaamske sneuvelen fan WOI, mar it stiet tagelyk ek symboal foar de oan de Yzer ûntsteane wil ta politike ûnôfhinklikens fan [[Flaanderen]]. De jierlikse [[Izerbeafaart]] by de toer is in politike manifestaasje tsjin oarloch en foar Flaamsk selsbestjoer.
 
De oarspronklike toer is yn de nacht fan [[15 maart|15]] op [[16 maart]] [[1946]] folslein fernield troch in oanslach mei dynamyt. In pear jier letter waard op in pear meter dêrneist in nije en folle hegere toer boud fan 84 meter. Mei de resten fan de fernielde toer waard op it terrein, op it Izerbeafaartlân, yn [[1950]] de ''Paxpoart'' as ''Poart fan Frede'' boud. De [[ruïne]] fan de âlde toer wurdt goed bewarre.