Eastfrysk (Nederdútsk): ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:OstfriesischesPlatt.png|thumb|Taalgebiet]]
'''Eastfrysk''' of '''Eastfrysk Nederdútsk''' (ek: ''Eastfrysk Plat'', Eastfrysk: ''Ōstfräisk'' of ''Ōstfräiske tóól''<ref> Holger Weigelt: Ōstfräisk Plat - Düütsk, 2009 </ref>) wurdt sprutsen yn [[East-Fryslân]] en is in [[Friso-Saksyske dialekten|Friso-Saksyske dialekt]]. It hat yn 'e lette midsiuwen de oarspronklikeFryskeoarspronklike Fryske taal fan East-Fryslân ferdreaun.
 
== Klassifikaasje ==
[[File:Lânkaart lokaasje Friso-Saksyske Talen.gif|right|thumb|Fersprieding fan 'e Friso-Saksyske dialekten.]]
It Eastfrysk Plat ûnderskiedet him al fan oare Nederdútske dialekten, útsein it [[Grinslânsk]]. It ûnderskied komt troch de sterke Fryske substraat dy't ynfloed hân hat op it hjoeddeistige dialekt. Yn de tiid fan it [[Keninkryk Hollân]] hawwe it [[Nederlânsk]] en [[Frânsk]] fan ynfloed west op it Eastfrysk Plat. It Grinslânsk en Eastfrysk plat kinne as ien dialekt sjoen wurde, dochs skriuwt men beide talen oars. De ferskillende skriuwwizen binne ûnder ynfloed fan de standerttalen Nederlânsk en Dútsk ûntstien.
It Eastfrysk Plat is ûnderdiel fan it [[Nederdútsk]]. Lykwols is de oarsprong fan de taal net it [[Aldsaksysk|Aldnederdútsk]], krekt as by de oare Nederdútske tongfallen (útsein it Grinslânsk) wol it gefal is. Yn de midsiuwen wie it [[Aldfrysk]] yn Grinslân en Eastfryslân de algemiene omgongstaal. Yn dy sin is it Eastfrysk, krekt as it eardere Eastnederdútsk, in saneamd „koloniaal dialekt“. It Grinslânsk en Eastfrysk Plat hienen yn de tiid fan it [[Middelnederdútsk]] ien mienskiplik skriuwdialekt.<ref>Robert Peters: ''Überlegungen zu einer Karte des mittelniederdeutschen Sprachraums.'' In: ''Niederdeutsches Wort.'' 24, 1984, siden 51–59.</ref> It Eastfrysk Plat is ien fan de [[Friso-Saksyske dialekten]].
 
Troch ferskillende histoaryske faktoaren hawwe it [[Nederlânsk]] en [[Frânsk]] fan ynfloed west op it Eastfrysk Plat. Sa binne der ferskillende wurden dy't fan Nederlânske of Frânske komôf binne.
 
Hoewol't men it Grinslânsk en Eastfrysk Plat as ien dialekt sjen kin, wurde de beide talen dochs oars skreaun. De ferskillende skriuwwizen binne ûnder ynfloed fan de standerttalen Nederlânsk en Dútsk ûntstien.
 
== Skiednis ==
De oarspronklike taal tusken [[Lauwers]] en [[Wezer]] wie it [[Aldfrysk]]. Sûnt de [[15e iuw]] waard it [[Middelnederdútsk]] hieltyd belangriker yn Eastfryslân. [[Ubbo Emmius]] skriuwt oan 'e ein fan de 16e iuw oer it Aldfrysk as de taal fan Eastfryslân, mar liket dan al yn grutte dielen fan Eastfryslân ferdwûn.<ref>[[Marron Fort]]. 2015. ''Saterfriesisches Wörterbuch.'' Yn it foarwurd.</ref> Om 1600 binne grutte dielen fan Eastfryslân oergong op it Eastfrysk Plat, in eigen fariant fan it Nederdútsk. Der binne om 1600 hinne noch wat Fryske taaleinlantsjes yn [[Harlingerlân]], [[Sealterlân]], [[Lân Wûrsten]] en [[Wangereach]].<ref>''Der Niedergang des friesischen zwischen Lauwers und Weser''. Yn: ''Handbuch des Friesischen / Handbook of Frisian Studies''. Side 432. 2001</ref> Om 1700 hinne stjert de Fryske taal yn it Lân Wûrsten út, om 1800 yn it Harlingerlân en om 1950 hinne stjert ek it Wangereachsk út. It Sealterfrysk is it lêste relikt fan de oarspronklike Fryske taal.
 
It nije Middelnederdútsk waard stadich troch hieltyd gruttere dielen fan de befolking oernommen, mar de nije taal waard ek bot beynfloede troch it Frysk. It Eastfrysk Plat hie net allinnich in sterk Frysk substraat, mar behold ek in protte âlde Middelnederdútske wurden dy't yn oare Nederdútske dialekten net bewarre waarden.
 
== Tal sprekkers ==