Sixtinus Amama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 14:
Fan grut belang fûn Amama dat der in suvere oersetting fan de Bibel yn it Nederlânsk kaam. Yn 1623 behannele hy yn syn mânske ''Bybelsche conferentie'' de protte flaters yn de [[Deux-Aesbibel]], in oersetting dy't útgie fan de Dútske oersetting troch [[Maarten Luther]]. Yn 1625 joech hy in eigen Bibeloersetting út dy't gearstald wie út de oersettings fan [[Petrus Hackius]] (it [[Alde Testamint]]) en [[Herman Faukelius]] (it [[Nije Testamint]]). Amama foege oan it Alde Testamint yn de marzje syn eigen oersettings ta. Dy útjefte krige twa werprintingen, oant se yn 1637 ferfongen waard troch de Steatenfertaling. Amama wie net opnomd ûnder de teologen dy't yn opdracht fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] de Bibel yn it Nederlânsk oersette moasten. Mooglik spile de âlde fertinking fan ûnrjochtsinnichheid hjirby noch in rol.
 
Amama hâlde him lykwols net allinnich dwaande mei de Nederlânske oerseting fan de Bibel. Yn 1620 publisearre hy in krityk op de [[Vulgaat]], dy't in reaksje oprôp fan de bekende FrânseFrânske gelearde [[Marin Mersenne]]. Hjirop reagearde Amama yn 1627 mei in iepenbiere brief oan Mersenne, wylsst hy zijn krityk op de Vulgaat fierder útwurke yn it yn 1628 ferskynde ''Anti-Barbarus Biblicus''.
 
== Wichtichste publikaasjes ==