Edmund Hillary: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 5:
 
== Libbensrin ==
Hillary begûn mei klimmen as tsiener yn de [[Nij-Seelânske Alpen]]. Nei in koarte karriêre as [[ymker|bijker]] die hy yn 1951 mei oan in mislearre ekspedysje nei de Mount Everest. Twa jier letter berikte hy as lid fan een BritseBritske ekspedysje ûnder lieding fan [[John Hunt]] de top fan Everest; dit makke him op slach ferneamd. Nei noch itselde jier ta [[sir (titel)|ridder]] slein te wêzen, kaam hy yn 1956, '60, '61, '63, '64 en 1965 werom nei de [[Himalaya]].
 
Tusken 1955 en 1958 late Hillary de [[British Commonwealth Trans-Antarctic Expedition]], wêrby’t op 4 jannewaris 1958 de [[Súdpoal]] berikt waard. Hy rette it twadde diel ta fan de ekspedysje fan [[Vivian Fuchs]], dy’t as earste [[Antarktica]] oerstuts. Yn de jierren santich late Hillary de earste ekspedysje dy’t mei in motorboot de [[Ganges (rivier)|Ganges]] opfarde.