Sieriksee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
st, ûnderskrift, kaartsje lytser (op in mobyltsje giet dat oars net goed)
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Zierikzee-centrum-OpenTopo.jpg|575px320px|thumb|Kaart fan Sieriksee yn 2017]]
'''Sieriksee''' ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Zierikzee''; [[Sieusk]]: ''Zurrikzeê'') is stêd yn de gemeente [[Skouwen-Duvelân]] in de Nederlânske provinsje [[Seelân]]. De stêd hie begjin 2016 11.117 ynwenners en is it haadplak fan de gemeente.
 
Rigel 17:
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] waard Sieriksee op 8 augustus 1572 troch geuzen ynnomd. Yn septimber 1575 lannen Spaanske troepen op Schouwen en Duiveland, en sloegen it belis foar Sieriksee. De stêd joech him oer op 29 juny 1576, mar fjouwer moannen letter ûntstie der oproer ûnder de Spaanske soldaten dy't harren soldij net krigen, wêrnei't de Spanjerts ôfsetten.
 
Yn de [[Earste Wrâldoarloch]]] waarden op 30 april 1917 troch in ferdwaalde BritseBritske piloat seis bommen op de stêd smiten. De piloat hie Sieriksee betize mei [[Zeebrugge]], der foelen trije slachtoffers. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard by Sieriksee sa'n 30 miljoen kilo munysje yn de [[Oosterschelde]] dumpt, it wie dêrmei de grutste munysjestoart fan Nederlân. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de stêd earst yn eastlike rjochting mei Plan Malta, dêrnei mei de bou fan de wyk Poortambacht ("Plan West") yn westlike rjochting útwreide.
 
Yn 1997 hâlde de gemeente Sieriksee op te bestean en waard de gemeente ûnderdiel fan de gruttere gemeente [[Schouwen-Duiveland]]. It gemeentehûs fan dizze gemeente stiet wol yn Sieriksee. Dit gebou is in arsjitektoanysk heechstantsje dat inte liket te wêzen op it Guggenheim Museum yn Bilbao. In skaaimerk is dat it topswier liket trochdat it nei boppen ta breder útrint. It gemeentehûs stiet oan de leane fan St. Hillaire, sa'n 800 meter fan de Dikke Toer ôf.